EMA: AstraZeneca-faksin kin dochs tromboaze feroarsaakje
Resint ferskynd

Stjurjend bloed en it ferdwinen fan bloedplaatsjes – it is yndied in bywurking fan it koroanafaksin fan AstraZeneca. Dat seit it Europeesk agintskip foar it goedkarren fan genêsmiddels, it EMA. Earder hie it EMA it faksin ‘feilich’ neamd.
De yn in protte gefallen deadlike tromboaze is lykwols seldsum. De bysluter by it faksin wurdt nei alle gedachten dizze wike oanpast. It EMA ret de faksinaasje net ôf, omdat de foardielen foar de befolking folle grutter binne as de kâns dat de tromboaze him foardocht.
Neffens Marco Cavaleri, haad faksinaasjebelied fan it EMA, is de oarsaak fan de tromboaze noch net bekend.
Nederlânske dokters jouwe it AstraZeneca-faksin op it stuit net langer oan minsken ûnder de sechtich. Dútslân reservearre it al in pear dagen earder foar de âldere leeftydsgroep.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje