Eksposysje fan 120 keunstsinnige skonken yn Eksmoarre
Resint ferskynd
Fan sneon 15 maaie oant freed 6 augustus wurdt yn Eksmoarre de keunstrûte Kunst yn Tuinen holden. Elkenien kin de rûte koroanaferantwurde rinne. De keunstwurken stean yn de bûtenlucht yn de tunen fan Eksmoarre.
Underdiel fan de keunstrûte is de eksposysje Kunstige benen op pad. In unike útstalling fan mear as 120 keunstige skonken, beskildere, bewurke en dekorearre troch keunstners út it hiele lân mei ûnderskate dissiplines. Besikers kinne genietsje fan de kleuren en materialen, en ideeën opdwaan om sels oan ’e slach te gean. De tagong is fergees.
Sjoch foar mear ynformaasje en in plattegrûn fan de rûte op www.beleefexmorra.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje