Earste Janssen-prippen yn Nederlân
Resint ferskynd
Hjoed wurde yn Nederlân de earste prippen mei it Janssen-faksin set. Dat makke minister De Jonge fan Folkssûnens tiisdei by de parsekonferinsje oer de koroanamaatregels bekend. In GGZ-meiwurker yn Leien krige woansdeitemoarn de alderearste spuit mei Janssen.
De Jonge hâldt fêst oan it advys fan it Europeesk Medisynagintskip (EMA). Neffens it EMA is noch ûndúdlik hoe’t de kâns op de bywurking fan tromboaze en bloedproppen him ferhâldt ta it risiko dêrop by AstraZeneca. Sabine Straus, foarsitter fan it EMA sei tiisdeitemiddei dat it op it stuit ûnmooglik is om fêst te stellen oft dy bywurking by it Janssen-faksin minder faak of just faker foarkomt as by it AstraZeneca-faksin.
Yn de Feriene Steaten wiene acht meldingen op basis fan sân miljoen prippen. De Jonge sjocht dêrom gjin reden om Janssen no net yn te setten. Hy sjoch ek gjin oanlieding om beskate doelgroepen net mei Janssen yn te intsjen. Dat barde wol by AstraZeneca, dat yn Nederlân allinnich noch brûkt wurdt by minsken boppe de sechtich. De demisjonêr minister hâldt noch wol in slach om ’e earm: it kin wêze dat de saakkundigen letter dochs ta in oare konklúzje oangeande it Janssen-faksin komme.
Fan de Janssen-faksins dy’t fan hjoed ôf ynset wurde, gean der 35.000 nei de sikehuzen. Dy begjinne kommend wykein om mei dat middel yn te intsjen. De oare faksins geane ûnder mear nei de geastlike sûnenssoarch.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje