Earste flecht Marshelikopter útsteld nei technyske maleur

april 11, 2021 11:10

De earste flecht fan in ûnbemanne wjukkelmasine op Mars is útsteld. De Ingenuity soe takom nacht oan in koarte flecht begjinne, mar der is technysk maleur ûntdutsen.

Direkteur Artemis Westenberg fan Explore Mars hopet yn 2033 mei minsken nei Mars te fleanen. Hy sei yn it radioprogramma Met het Oog op Morgen dat de maleur by in test oan it ljocht kaam. Oant begjin fan de jûn stiene alle seinen op grien, mar doe gie it mis. In kontrôleprogramma oan board sette alles stil op it stuit de Marshely besocht op te stiigjen.

Op syn betiidst wurdt no woansdei opnij besocht om de wjukkelmasine fleane te litten. De flecht op Mars is histoarysk mei’t NASA net earder in helikopter op in oare planeet fleane litten hat. It 1,8 weagjende tastel soe moandei sa’n tweintich oant tritich sekonden fleane op in hichte fan trije meter. It is de bedoeling dat it letter langere flechten meitsje sil.

NASA wol ûndersykje oft it yn de takomst mooglik is om in gruttere helikopter nei Mars te stjoeren dy’t op plakken komme kin dy’t foar Marsweintsjes ûnberikber binne. Utdagingen binne de lege luchtdruk en temperatueren op Mars en de akkukapasiteit fan it fleanreau.

Besjoch in NASA-animaasje fan Ingenuity:

april 11, 2021 11:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.