Dyk ôffalwetterreservoir Floarida driget troch te brekken

april 5, 2021 10:04

Lokale autoriteiten yn de Amerikaanske steat Floarida hoopje dat mei ekstra help út de steat it risiko op it trochbrekken fan de dyk om in grut reservoir fol ôffalwetter hinne ôfnimme sil.

Tampa Bay (ôfbylding: Wikipedia/Eric Gaba (Sting) – CC BY-SA 3.0)

Freed waard in gat yn de muorre fan it reservoir ûntdutsen. Se hoopje dat mei help dûbeld safolle wetter út it reservoir pompt wurde kin as de goed 80.000 liter de minút no. Yn it reservoir sit sa’n twa miljard liter fersmoarge wetter. Tagelyk wurdt hurd wurke om in katastrofale oerstreaming foar te kommen. Neffens gûverneur DeSantis fan Floarida binne ûntwilens ferskate previntive maatregels nommen. Sa binne der snelwegen ôfset en binne de finzenen dy’t ûnder sieten nei earne yn ’e buert evakuearre.

Saakkundigen sizze lykwols dat de daam by de Piney Point-myn noch hieltyd elts momint trochbrekke kin. Neffens de lêste rûzingen soe dat liede kinne ta in stream wetter fan sa’n seis meter heech. It reservoir is fan in fabryk by in ûnderwilens sletten fosfaatmyn yn ’e buert fan de stêd Tampa.

It wetter is in miks fan sâlt wetter, ôffal- en reinwetter. It soe neffens it miljeudepartemint ferhege nivo’s fan fosfor en stikstof befetsje, mar net fergiftich wêze. Miljeu-organisaasjes binne lykwols bang dat te folle stikstof yn it wetter liede kin ta algegroei en dêrmei fiskstjerte yn de tichtby lizzende Manateemar, de wichtichste drinkwetterfoarsjenning yn ’e regio.

april 5, 2021 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.