Doarpshûs holpen mei Europeesk jild
Resint ferskynd
REITSUM – Troch de ynset fan in soad frijwilligers én Europeesk jild koe de âlde basisskoalle De Flieterpen ferboud wurde ta in duorsum ûnderkommen fan it doarpshûs. Juster krige foarsitter Oane Sierksma fan doarpshûs De Fjouwer de befêstiging fan it subsydzje út hannen fan deputearre Klaas Fokkinga: in LEADER-buordsje.

Foto © Provinsje Fryslân
De noardlike regio fan Fryslân kin fan ’t jier opnij hast in miljoen euro oan projekten op it mêd fan leefberens besteegje. Dat jild komt út de LEADER-regeling, in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar plattelânsgebieten. Fokkinga: “Moetingsplakken lykas dizze fergrutsje de sosjale ferbûnens op it plattelân. Prachtich om te sjen dat jong en âld út ferskate doarpen mei-inoar de skouders derûnder sette om it doarpshûs op ’e tiid ôf te krijen.”
Doarpswurk is ynskeakele om te ûndersykjen oft yn de regio mear moetingssintra mei fer- en/of nijbouplannen troch dy regeling holpen wurde kinne en om doarpshûsbestjoeren te begelieden by it dwaan fan in oanfraach. De LEADER-regeling is der om de leefberens te befoarderjen en de fitaliteit, wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft fan plattelânsgebieten te stimulearjen. In wichtich útgongspunt is dat minsken yn it gebiet sels kieze wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en ek de projekten opsette. Op www.fryslan.frl/leader is mear ynformaasje te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje