De sinne dimje as needoplossing tsjin klimaatferoaring?

april 18, 2021 08:53

De opwaarming fan de ierde set troch. It jier 2020 stiet op in dield earste plak as waarmste jier ea metten. Neigeraden de gefolgen fan klimaatferoaring hieltyd yngripender wurde, wurdt de rop om oplossingen lûder. Der wurdt ek sjoen nei de rol fan technology. Geo-engineering sil hieltyd faker in serieuze opsje wêze, sei wittenskipssjoernalist Elizabeth Kolbert freedtejûn yn it programma Nieuwsuur.

Utbarsting fan Mount Redoubt Alaska yn 1990 (foto: Wikipedia – publyk domein)

Fierwei de ekstreemste yngreep is it dimjen fan de sinne. Dat soe – alteast yn teory – kinne troch in fulkaanútbarsting nei te dwaan. By sa’n útbarsting komme grutte hoemannichten swevel frij. Dy stofdieltsjes blokkearje as in soart tekken it sinneljocht. Grutte útbarstingen kinne sa wrâldwiid liede ta tydlik legere temperatueren. Undersikers fan ûnder mear Harvard University bestudearje oft sweveldiokside dat troch fleantugen yn de stratosfear dumpt wurdt, itselde effekt hat.

In earste tariedend eksperimint mei solar engineering, dat fan ’t simmer yn Sweden wêze soe, giet net troch fanwegen protesten fan miljeuorganisaasjes. Dy binne bang dat sokke ‘ienfâldige’ oplossingen op kosten gean fan de motivaasje om de útstjit fan CO2 te ferminderjen.

Wittenskipssjoernalist Kolbert tinkt dat minsken hieltyd mear foar de kar komme te stean om beskate techniken wol of net yn te setten. Solar engineering stiet noch yn ’e berneskuon, mar we ûntkomme der net oan dy en oare techniken serieus te oerwagen.

Behnam Taebi, heechlearaar enerzjy- en klimaatetyk oan de TUDelft pleitet der mei oare wittenskippers foar om in nasjonaal ekpertizesintrum oer klimaatyntervinsjes op te setten. Dat soe him oer technyske en etyske fraachstikken bûge moatte. Elizabeth Kolbert skreau in boek oer har befiningen: Onder een witte hemel, de natuur van de toekomst. Hja pleitet foar mear debat oer klimaatyntervinsjes. Technology allinnich sil neffens har de opwaarming fan de ierde net tsjingean kinne.

april 18, 2021 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.