De Rolling Stones komme werom nei Grins

april 1, 2021 13:44

The Rolling Stones – Unzipped komt yn 2023 werom nei it Grinzer Museum. De ferlinging oant en mei 18 april bliek te koart om wer foar it publyk te iepenjen. De útstalling reizget troch nei de folgende bestimming: Marseille. Yn 2020 wie de eksposysje fjouwer wike iepen. Tanksij goede oanpassingen yn en om it gebou koe Unzipped troch goed 20.000 minsken koroanaferantwurde besjoen wurde.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: Siese Veenstra/Groninger Museum)

It goede nijs is dat it Grinzer Museum mei it management fan de Rolling Stones oerienstimming berikt hat om de útstalling yn 2023 werom nei Grins te heljen. Management en band wurdearje de ynspanningen fan it museum en fine it ferfelend dat de pandemy in grut publykssukses ferhindere hat. “We are sorry to leave Groningen where we felt very much at home. Now we are happy to announce that we will return soon!”

It Grinzer Museum is tankber foar it genereuze gebear fan de Rolling Stones. Direkteur Andreas Blühm: “It is noch nea foarkaam dat in útstalling twa kear nei itselde museum reizge is, mar dizze tiden freegje om orizjinele oplossingen. It is tige skande dat net mear minsken fan Unzipped genietsje koene en wy sjogge út nei de nije kâns yn 2023.”

Oant 18 april kin it publyk noch fan de online útstalling genietsje. Alle ynternetbesikers meitsje kâns op in keunstwurk fan gitarist Ronnie Wood en in katalogus mei de hantekening fan Mick Jagger. Unzipped online is te besjen op rollingstonesgroningen.nl.

april 1, 2021 13:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.