De lêste skries

april 28, 2021 11:31

Juster waard yn it lân fan Titus de Wolff te Flânsum, ûnder Raerd, de lêste skries, krekt op it nêst sittend te brieden, de kop ôfbiten troch in foks. De fjouwer aaien noch yn it nêst.

Foto © T. de Wolff

Tweintich jier lyn hie De Wolff dêr noch fyftich pear skriezen en tweintich pear ljippen, tweintich pear strânljippen en tsjirken. Troch de rôverij is der neat mear fan oer.

De Wolff hat him troch de jierren hinne tige ynset foar de belangen fan de fûgels. Hy fynt it dan ek begrutlik en skande. Yn syn fûgeltsjelân binne te folle predatoaren. Hy – en mear mei him – binne kritysk as it giet om it belied fan de provinsje yn dit stik fan saken. “De mienskip sil yn aksje komme moatte om de beakens te fersetten.”

april 28, 2021 11:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.