De Iisbaan

april 1, 2021 15:09

By it wurd iisbaan soe men tinke kinne dat dat oan it begjin fan de maitiid net mear spilet. Mar dit ferhaal giet oer hiel wat oars .

Op it yndustryterrein De Banen yn Wommels is nammentlik in strjitte dy’t sa hjit. Dêr binne in protte wurkunits en op nûmer 13f wurket al mear as njoggen jier Jehannes Hibma, byldzjend keunstner. Nei syn stúdzje oan de keunstakademy hat er it byldhouwersfak by keunstners yn Wiuwert en Koudum leard.

Earst wie er wurksum yn de wrâld fan dekôrbou en letter wuirke er foar himsels. Jierren lyn wie er benammen bekend troch syn wurk mei steapele aaidoazen. Somtiden brûkte er wol tûzenen om ta in kreaasje te kommen. Yn syn atelier steane der noch foarbylden fan.

No rjochtet er him mear op it meitsjen fan bylden fan stien, waaks, hout of brûns en it lesjaan oan kursisten. Dat kin no stadichoan wer begjinne. Dêrnjonken har er jierrenlang mei syn wurk op eksposysjes stien, bygelyks by de keunstdagen yn Peinjum begjin maaie.

Meastentiids makket er ûntwerpen dy’t yn syn atelier komme te stean foar de ferkeap, mar op dit stuit is er dwaande mei in opdracht fan de tjserke yn Easterein om in doopfont te meitsjen. Net in maklike opdracht. It moat nammentlik ek de kristlike gedachten fan de Heit, de Soan en de Hillige Geast útbyldzje. In lyts foarûntwerp stiet al klear en no noch it echte.

Matthijs Verkuijl

Foarûntwerp. Foto © Matthijs Verkuijl

april 1, 2021 15:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.