De eardere Lama’s sille wer optrede
Resint ferskynd
- Fryslân DOK: 210 Joadske smokkelbern yn Fryslân 0
- Nije webside mei oarlochsskriften lansearre op Fryske Befrijingsdei 0
- Omrop Fryslân fiert en betinkt 75+1 jier frijheid 0
- Marit Westerhuis wint soloútstalling YGA III yn Grinzer Museum 0
- Priisfraach: toerisme sûnder barriêres yn Nederlânsk en Dútsk Waadgebiet 0
De eardere Lama’s Tijl Beckand, Ruben Nicolai, Jeroen van Koningsbrugge en Ruben van der Meer en presintator Patrick Lodiers sille foar it earst sûnt 2008 wer in teatertoernee dwaan. Dat dogge se ûnder de nije namme TAFKAL (the artists formerly knows as Lama’s).

Sjo fan de Lama’s yn 2007 (foto: Wikipedia/Hens Zimmerman at Flickr – CC BY 2.0)
Utsein de namme is der fierder neat feroare. Yn de oankundiging stiet: “It is fansels wer âlderwetsk ymprovisearjen mei in godlike fonk. De bekende en beruchte spultsjes komme allegear foarby en wat noch wichtiger is: eltse jûn is wer unyk.”
De manlju fertelden freedtejûn oer de nije sjo yn it programma Beau op RTL 4 en diene ek in ymprovisaasjespultsje. De namme TAFKAL, betocht troch Van Koningsbrugge, is in ferwizing nei Prince, dy’t op in stuit ûnder de namme TAFKAP (the artist formerly known as Prince) muzyk útbrocht.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje