Bysûndere fynst yn Warns

april 3, 2021 10:27

Op de lêste dei fan de archeologyske opgraving by de stinswier fan Jelmer Ottes Sytzama en Ats Bonningha yn Warns hawwe de ûndersikers noch in bysûndere fynst dien: trije heakbussen. Dat binne primitive gewearen, dy’t foaral yn de fyftjinde en sechtjinde iuw brûkt waarden.

Heakbus (foto: RAAP Archeologie)

Neffens de konservator fan it Militêr Museum yn Soest binne yn Nederlân mar tritich eksimplaren fan dat type bekend. De gewearen leine yn de grêft om de stinswier hinne. Dat der fochten is op dat plak waard al earder dúdlik, troch de fynst fan kanonskûgels en musketkûgels.

“De ûndersikers besykje te efterheljen hoe’t de heakbussen yn ’e grêft terjochte kommen binne”, siet archeolooch Yvonne Boonstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân. “Wiene se stikken? Dat is ûnwierskynlik, mei’t de minsken eartiids tige duorsum wiene en neat fuortsmieten as it wer brûkt wurde koe. De grutte metalen objekten wiene wis wol wer te brûken.” In oare teory leit dêrom mear foar de hân: de heakbussen binne by de belegering fan de stins fuortsmiten, om foar te kommen dat de tsjinpartij se yn hannen krige.

Tinnen kannen
De opgraving levere neist munysje en seldsume gewearen bysûnder diggelwurk op. “Der binne twa tinnen kannen by dy’t dúdlik meitsje dat we hjir mei in wolstelde famylje te krijen hawwe”, seit Boonstra. Op ien fan de kannen stiet it wapen fan wat de stêd Snits liket en de inisjalen fan nei alle gedachten de kannejitter. Mooglik is de kanne makker troch Foppa Dirks fan Snits, dy’t neamd wurdt yn de argiven út dy perioade (ein fyftjinde, begjin sechtjinde iuw). Dat wurdt no ek fierder ûndersocht.

Tagonklik meitsje foar publyk
No’t de opgraving ôfrûne is, binne de ûndersikers mei de útwurking derfan begûn. “Dat sil noch wol de nedige tiid yn beslach nimme”, seit wethâlder Mirjan Bakker fan Súdwest-Fryslân.

“Der wurdt no ek ûndersocht hoe’t we it fynplak mei it bysûndere ferhaal oer de striid tusken de famyljes Sytzama en Galema foar it publyk tagonklik meitsje kinne.” Tocht wurdt oan yn ynformaasjeboerd. “De topfynsten binne aanst nei konservearring en eventuele restauraasje ek tige gaadlik om út te stallen”, seit Bakker. “Faaks yn it nij kultureel historysk sintrum De Tiid yn Boalsert.”

Tinnen kanne (foto: RAAP Archeologie)

april 3, 2021 10:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.