Simone Djurrema: Bûten boartsje

april 10, 2021 20:00

Kollum

Vitsippor (boskanemoantsjes) © S. Djurrema

Wy krije hieltyd mear moaie dagen. Dan friest it nachts misskien wol, mar as de sinne skynt en de wyn komt fan ’e goede kant, dan fljocht it kwik nei tsienen sa yn ’e rjochting fan de tweintich graden. Yn it skaad is it dan noch wol frisjes, bytiden mar in graad of tsien, tolve. Dan fernuveret it my alle kearen kear wer dat ik samar lekker bûten wêze kin. Heit en mem stjoere my ‘krystfoto’s yn april’ út Fryslân, dêr is it net sa noflik no’t ik dit skriuw.

De snieklokjes binne hast wer útbloeid, de krookjes steane der noch prachtig by, de titelroazen begjinne hast te bloeien en de vitsippor en blåsippor (twa soarten anemoantsjes) steane wer ûnder de hage te pronkjen. De beammen en strûken begjinne dikke knoppen te krijen. Ik kin net wachtsje oant alles wer grien wurdt.

Blåsippor (leverblomkes) © S. Djurrema

Dit fyn ik misskien wol de moaiste tiid fan it jier. De fûgels sjonge sa lûd, it is net te leauwen. Ljurken yn it lân, allegearre oare fûgeltsjes yn ’e beammen om hûs hinne en yn ’e bosk. Ik wol it leafst safolle mooglik bûten wêze. Dit jier besykje ik fan wylgetûken plantesteunen en sa te flechtsjen. In moaie bezichheid yn ’e bûtenlucht.

Hindrik hie lêsten in putsje yn Dals Ed. De man dêr’t er foar strjitmeitsje soe, sms’te en frege oft it wol koe mei de froast noch yn ’e grûn. Dêr hie Hindrik fansels hielendal net by stilstien, it hie al in pear wike moai waar west. Yn Fryslân sit de froast meastal net sa djip, en sels as dat sa is, dan is it der nei in wike of wat al lang wer út. Hjir net, en Dals Ed leit ek noch wat heger, dat dêr is it noch wer in slachje kâlder as by ús. Hy hat efkes oerlein mei ien dy’t der ferstân fan hat en dy sei dat er better noch in pear wike wachtsje koe. Hy komt op it stuit om yn it wurk, dat der wie genôch te dwaan, betelle, mar thús ek.

© S. Djurrema

Hindrik hat nij boartersguod: in grutte ferpleatsbere seage foar beamstammen. Hy hie útrekkene dat er mei eigen beammen en guon fan ’e buorman, dêr’t we om ’t skik oankomme kinne, nei ien grutte put thús de seage der al út hawwe soe. En dat wie noch foardat de houtprizen sa omheech skeaten. Wy hawwe wol heard dat it yn Fryslân ek folle djoerder wurden is. Lêsten hat er it spul op in tydlik plak opset. No seaget er sels de balken en planken foar in ôfdak, der’t it hiele spul dan letter ûnder komt. De earste kear dat Hindrik de seage probearre wie fansels in hiel feest. Hy hat al balken klear, in soad planken, mar wy hawwe ek hiele tinne plankjes makke. Dy binne gewoan te bûgen, sa tin! Dêr kinne we ek wol wer wat mei betinke.

Us jonge hat in eigen kettingseage krige. Lytse bern wurde grut, de tiid dat se harren mei berneboartersguod fermakken is lang lyn. Hy mei no mei it kachelhout oan ’e gong. Earst stammen, dy’t net moai genôch binne om planken fan te seagjen, yn stikken en dan kleauwe. Wy hawwe in kleau-apparaat, mar hy docht it like leaf mei de bile. Hy hat al in pear âlde bilen restaurearre troch se moai te slypjen en in nije stâle deroan te setten. Ik haw der fierder gjin ferstân fan mar je sille foar ferskillende putsjes wol wer oare bilen nedich hawwe. Neffens my hat er al in hiel arsenaal.

Daniel (sprek út Dâniël yn it Sweeds), de man dy’t de bosk en de stikken lân dy’t by ús hûs hearden kocht hat, woe ferline wike ek efkes bûten boartsje. Der stie nochal wat âld gers op it lân. Ik freegje my wol ris ôf oft it gers sa taai is of dat er gjin skerpe messen op ’e meanmasine hat. Der bleau moai wat stean. Dat hy woe in brantsje meitsje. Ik fûn it mar neat! Der wurdt ommers altyd warskôge dat fjoer sa oerspringe kin, of ûnder de grûn trochsette kin. En dan brâne se sa in hiel stik lân ôf!

© S. Djurrema

It wie mar goed dat ik net thús wie. Hindrik sei dat it Daniel wat ûntkommen wie; hy soe allinnich ien stik fierderop ôfbrâne, mar dat waarden twa stikken lân derby. It lêste lyk foar ús hûs! Letter tocht er dat it wol út wie en gie er nei hûs ta. Moai net! It smeulde moai troch, dat Hindrik hat him fuort mar wer opbelle. Ik moast oan in stikje fan Teake van der Mear tinke, oer dat syn frou sa kâld wie. Hy hie har alle tekkens jûn, de fyts der op it lêst mar boppe op smiten, mar se wie noch kâld! Ik wit net rjocht wat er doe die, mar hy hat de brân earne ynstutsen, want it hold op mei: “Wy wenje no earne oars…” No, wy wenje gelokkich noch yn ús giele Pippyhúske.

Ik haw efkes in foto fan it ôfbrânde lân foar jimme nommen. Ik stie om de oare stap yn in mollebult. Dat die my oan myn âldomke tinken. Geart van der Wal, dy wie mollefanger. As we as bern by ome Geart en tante Gepke kamen, stie der altyd in plankje mei mollefeltsjes yn in hoeke fan ’e hal. Se sieten oarsom spikere, dat wy fûnen it in bytsje grizelich, mar oan ’e rântsjes koene we it hier oan de oare kant fiele, se wiene sa sêft! Soene se ek yn ús tún komme? Ik haw noch net guon sjoen. Ik sil my nij dwaan oft Daniel der wat oan dwaan wol. Hy is wolris wat maklik. Dat fyn ik net sa’n probleem, want mei dêrtroch groeie en bloeie altyd in mannich wylde blommen yn it lân. Brânen skynt ek hiel goed te wêzen, it falt my ta dat it net swarter is, it is op de foto amper te sjen. Ynkoarten sil it wol wer moai grien wurde. Ik sjoch dernei út! Dan kin ik, krekt as doe’t ik in lyts famke wie en mei myn freondinne Esther bûten boarte, moai blomkes plôkje.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
april 10, 2021 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.