Brittany blykt twa fodzen te hawwen

april 12, 2021 09:04 Fernijd

Eins hie se it witte kinnen: Brittany Jacobs krige twa kear yn ’e moanne de regels. Dat is twa kear safolle as by oare froulju. Hja hie wolris in ekstra gatsje sjoen, mar der nea oer prakkesearre dat dat bysûnder wie. Oant se in bern krige.

Op TikTok fertelt de 26-jierrige dat in ferpleechster yn it sikehûs har derop wiisde dat se twa yngongen hie en sels twa memmeliven.

Hja fertelt dat dokters fan de twa fodzen wilens ien makke hawwe. Dat wie nedich, om’t se oars net yn ’e kream koe. Hja hat wilens twa sûne bern.

Dat froulju mear as ien geslachtsdiel hawwe, is ûngebrûklik, mar net hiel seldsum. Likernôch ien op ’e trijetûzen froulju hat in twadde fodze. Dy is lykwols meastal net folslein útgroeid. Dat beide memmeliven in aparte menstruaasjesyklus hawwe, is folle seldsumer.

april 12, 2021 09:04 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.