Britske oerheid net rasistysk

april 1, 2021 14:19
Tony Sewell (foto: universiteit fan Oxford)

De Britske oerheid is net rasistysk. Dat docht bliken út ûndersyk fan in groep wittenskippers ûnder lieding fan Tony Sewell. It ûndersyk is útfierd yn opdracht fan it Britske regear, op oanstean fan aksjegroep Black Lives Matter.

Sewell is in wichtige ûnderwiisadviseur. Hy hat ûnder oaren ûndersocht oft bern en jonge minsken op skoalle eftersteld wurde as hja in bûtenlânske eftergrûn hawwe. Dat bliek net sa te wêzen. Jongelju mei in Afrikaanske, Yndiaaske en Bengaleeske eftergrûn dogge it op skoalle sels better as de trochsneed. Yn allegear oare beroppen, lykas dokters en abbekaten, nimt it oanpart allochtoanen ek ta.

De ferskillen tusken minsken mei allinne Britske âlden en minsken fan bûtenlânsk komôf komme neffens de ûndersikers net troch rasisme. Se hawwe oare oarsaken, sizze hja. De legerein komt hoe dan ek net hurd foarút yn it libben, docht bliken, oft it no om autochtoane of allochtoane ynwenners giet.

april 1, 2021 14:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.