Braziliaanske presidint besuniget fearn op miljeubudzjet

april 24, 2021 10:07

Freed sei de Braziliaanske presidint Bolsonaro noch dat er de ûntbosking yn syn lân tsjingean wol, mar hjoed hat er in flinke besuniging oankundige. It ministearje fan Miljeu en oerheidsynstellingen dy’t dêroan ferbûn binne, moatte har dit jier rêde mei in budzjet dat in fearn lytser is as foarhinne, blykt út sifers dy’t it Braziliaanske regear krekt bekend makke hat.

Foto: pixabay.com

By in klimaattop, dy’t troch Amearika organisearre wie, sei Bolsonaro, dy’t net yn klimaatferoaring leaut, freed noch ta dat de ûntbosking fan it Amasônegebiet yn 2030 beëinige wêze soe. Dêrfoar soe it miljeubudzjet ferdûbele wurde, sa ûnthjitte er de Amerikaanske presidint Biden.

Neffens Kongreslid Agostinho komt mei de besuniging it wurk fan miljeu-organisaasjes slim yn gefaar. Jierrenlang wurdt troch Bolsonaro al beknibbele op ynstânsjes dy’t tafersjoch hâlde op it neilibjen fan miljeuregels. Ferskate Braziliaanske ynstânsjes hechten al net folle wearde oan de tasizzing fan Bolsonaro. Hja binne bang dat jild dat de Feriene Steaten oan Brazilië jaan wol yn de striid om ûntbosking tsjin te gean, yn werklikheid brûkt wurde sil om lânboubedriuwen te stypjen. De organisaasjes rôpen Biden dan ek op om gjin finansjele ôfspraken mei Bolsonaro te meitsjen.

april 24, 2021 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.