Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 49

april 2, 2021 07:47

Kollum

60 stiet moai op jo cv

Nederlân sil fan it ierdgas ôf… Ja, mar wannear dan?

Ferline jier binne der mear cv-tsjettels ferkocht as it jier dêrfoar. Sa te sjen wurdt net botte leaud dat it mei it ôfskeakelen fan ierdgas fluch gean sil. Wa’t no noch in tsjettel keapet, hat in punt. Fan it gas ôf sil yndied net fluch gean. De kâns is bysûnder lyts dat der de kommende fyftjin jier yn doarpen ien oan ’e doar komt om it gas ôf te sluten. It soe wolris wêze kinne dat it gas in bliuwer is, mar dan yn de foarm van griengas (biogas) of wetterstofgas. Op dy beide kin de cv-tsjettel prima brâne.

De cv-tsjettel bliuwt dus foarearst noch wol in skoftke yn in de besteande wenningbou. Yn de nijbou is lykwols al jierren hast gjin cv-tsjettel mear te finen. Yn Fryslân kriget 97% fan de wenningen dy’t dit jier boud wurde gjin gasoansluting. De ferwaarming, it itensieden en it taapwetter, it wurdt allegear elektrysk regele. Yn de nijbou is de waarmtepomp sterk yn opkomst.

300.000
Fryslân hat sawat trijehûnderttûzen wenningen. Hast hûnderttûzen dêrfan wurde ferhierd. Fan dy huzen sille der alle jierren hûndert fan it gas ôf gean, mar earst foaral yn wenwiken fan gruttere plakken.

Besparje mei de cv-tsjettel
Dat cv-tsjettels tige sunich binne is is in feit, mar it kin noch suniger! Op alle cv-tsjettels kin fan it wetter dat nei de radiatoaren giet de maksimale temperatuer ynsteld wurde. Yn de fabryks-ynstelling) is dat 80 graden, en dat jout in folle minder rendemint as yn de folder stiet. It hege rendemint is basearre op wetter fan 60 graden.

Grou2030 en Akkrum-Nes
In foarbyld. Yn Middelpunt fan maart 2021 lieten Grou2030 en de enerzjykoöperaasje Akkrum-Nes sjen hoe’t it helpe kin om de cv op 60 graden te setten. Dêr is yn alle gefallen € 60 euro it jier mei te besparjen. Dat is maklik sparjen! En los dêrfan: 60 stiet moai op jo cv.

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
april 2, 2021 07:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.