Boek ‘Ferdban’ oer Aldfryske oarkonden

april 1, 2021 08:52

By útjouwerij Noordboek is ferskynd: Ferdban – Aldfryske oorkonden en hun verhaal, skreaun troch Oebele Vries.

Boarne: Noordboek

De Aldfryske oarkonden yn Ferdban wjerspegelje it deistich libben fan gewoane minsken en fan de alderryksten en aldermachtichsten yn Fryslân. Se geane ek oer saken as fete en frijheidsstriid, de mearsidige aktiviteiten fan kleasters, de groeiende ynfloed fan stêden en de bysundere posysje fan It Amelân. Se litte boppedat de transformaasje fan Fryslân sjen dy’t yn de jierren koart nei 1500, doe’t de romrofte, mar yn krisis ferkearjende Fryske frijheid ôflost waard troch in strakke, mar tagelyk fernijende keningshearskippij.

Oant 1498, in sintraal jier yn de Fryske skiednis, hearske yn Fryslân in foarm fan frijheid dy’t men op oare plakken yn de Nederlannen – ôfsjoen fan de Grinzer Ommelannen – net koe: de Fryske frijheid. Dan lykwols, just yn de tiid dy’t it boek bestrykt, wurdt it gewest ynienen ynlaat yn in nije realiteit, dy’t fan in strikt lânshearlik gesach. Hast fan de iene op de oare dei komt oan âlde wensten, lykas fetefiering, en ek oan de macht fan pleatslike potentaten (haadlingen) in ein. Tagelyk wurdt it argayske Fryske rjocht mei ien inkeld beslút ferfongen troch it moderne Romeinske rjocht.

It wurd ‘ferdban’ út de titel fan it boek, dat fredegebod betsjut, ferwiist nei in rjochtswenst út de sfear fan it âlde Fryske rjocht. Typearjend foar de feroaringen om 1500 hinne yn Fryslân is dat dat argayske begryp ferfongen waard troch de saaklike term ‘konsent’ (tastimming).

It boek jout de lêzer in boeiend ynsjoch yn it libben fan gewoane minsken. Trochdat de auteur by de kar fan hûndert teksten foarrang jûn hat oan dokuminten dy’t útblinke troch priuwkes fan ‘human interest’, komt de lêzer yn oanrekking mei harren moai en mâl. Sa is der in tekst dêr’t it yn giet oer de ellindige tastân fan in man dy’t bekrûpt fan lilkens syn frou deaslein hat. Spannend is de beskriuwing fan de bierrebûlje yn Ljouwert yn 1487, dêr’t in Ljouwerter kleasterling op syn stjerbêd tsjûgenis oer ôfleit.

Oebele Vries is histoarikus en kenner fan it Aldfrysk. Hy wie universitêr dosint oan de Ryksuniversiteit Grins en is no gastûndersiker by de Fryske Akademy. Fan syn hân ferskynde earder Asega, is het dingtijd?, dêr’t hichtepunten út de Aldfryske wetsteksten sintraal yn stean.

Noordboek | ISBN 978 90 5615 642 8 | bûn | 432 siden | yllustrearre | € 49,90

Te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

april 1, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.