Boaiemfertichting grutte útdaging foar boeren

april 14, 2021 08:44 Fernijd

It tichter wurden fan de grûn besoarget in protte agrariërs kopsoargen. Der binne no handige tsjeklistjes beskikber foar boeren en leanwurkers yn de trije noardlike provinsjes om dat mei-inoar tsjin te gean. Dy binne ûntwikkele troch LTO Noard, Cumela Nederlân, Van Hall Larenstein en Aequator Groen & Ruimte.

Ofbylding: LTO Noard

In fertichte boaiem hat ferskate problemen, lykas in minne trochwoarteling, in ferlege wetterynfiltraasje en in fermindere beskikberens fan nutriïnten. It blykt yn de praktyk lestich te wêze om boaiemfertichting hielendal foar te kommen. LTO Noard-projektlieder Dirk Johan Feenstra: “Wachtsje mei it opriden fan perselen mei swiere masines oant de omstannichheden optimaal binne, is yn in protte gefallen gjin opsje. Der moatte faak lestige ôfwagingen makke wurde tusken kosten, kapasiteit en waarsomstannichheden.”

Trije kontrôlelisten
De tsjeklisten drage by oan de bewustwurding fan it tema boaiemfertichting en oan it kiezen fan de goede oplossing. By it meitsjen fan de goede ôfwagingen is in wichtige rol weilein foar sawol de agrariër as de leanwurker. Feenstra: “Der binne no trije kontrôlelisten ûntwikkele, dy’t op ferskillende mominten troch agrariër en leanwurker te brûken binne: by de plenning foarôfgeand oan it seizoen, by de start fan de wurksumheden yn it fjild, en op it moment dat der al sprake fan fertichting is.”

Foarkommen fan boaiemfertichting
Yn ’e rin fan dit jier komme oanfoljende tsjeklisten beskikber dêr’t (bygelyks) mei yngien wurdt op spesifike grûnsoarten of op it foarkommen fan boaiemfertichting troch gebrûk te meitsjen fan djipwoartele gewaaksen.

De dokuminten binne te finen op de webside fan LTO Noard.

april 14, 2021 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.