Bistenijs

april 17, 2021 02:11

Yn it maitiidsnûmer fan tydskrift DE NIJE dat omtrint alhiel oer bisten giet, stiet in artikel oer bistenijs op ItNijs.frl. Hjirûnder is in webferzje fan it artikel opnaam, om maklik trochklikke te kinnen nei alle neamde stikken. Klik dêrfoar op de fetprinte blauwe titels.

It minskdom nimt syn rintmasterskip net goed waar. De bioyndustry soarget net inkeld foar in protte bisteleed, ús meiminsken moatte it ek belije. Dat beskriuwt kolumnist Pier Bergsma op It Nijs fan 25 febrewaris:

Oer plofhinnen en firussen
Hinnen, kalkoenen en oare bisten yn de bioyndustry sitte yn ûnfoarstelber grutte oantallen byinoar oppropt. Dy miljoenen dieren binne foar it grutste part klonen faninoar. Se binne fokt om in sa grut mooglike produksje te heljen. (…) Firussen fan bisten springe oer nei minsken. De sykten dy’t dêrtroch ûnsteane, neame we soönoazen. It RIVM hat in list fan sa’n fjirtich soönoazen lykas hûnsdûmens, Lyme en botulisme. De Partij voor de Dieren hat der in ynstruktyf filmke oer makke, dat brûkt wurdt by de promoasje fan de partij. It is ek te sjen op ynternet. Der is yn it ferline spotsk dien oer dy partij, dy’t yn 2006 yn de Keamer kaam “mei syn geëamel oer bisten”. Nei de Q-koarts fan septimber 2007 en Covid fan no sjogge in soad minsken der oars tsjinoan.

Aldergelokst wurdt der al wat dien foar de bisten om ús hinne. Hiene jo bygelyks alris heard fan it ‘Oanfalsplan Skries’? It Nijs berjochte op 20 jannewaris oer dat plan en oer Fryske politisy dy’t fan betinken binne dat de lanlike aksje te swier keallet:

Moasje oer leefromte greidefûgel
De fraksjes fan CDA, FNP, PvdA en VVD yn Fryslân ha grutte noed oer it ôftakjende tal greidefûgels. “Lanlik is der no wol omtinken foar. Dat is moai, mar om fluch antisipearje te kinnen, moatte we no al oan ’e slach”, seit wurdfierder Attje Meekma fan it CDA. De fraksjes tsjinje dêrom hjoed yn Provinsjale Steaten in moasje yn, oer de leefromte fan greidefûgels. Yn 2020 kaam ûnder lieding fan Pieter Winsemius in rapport ta stân dat antwurd jaan moat op de minne stân fan de greidefûgel: it Oanfalsplan Skries. As reaksje en ferfolch dêrop tsjinne CDA Twadde Keamerlid Maurits von Martels in praktyske inisjatyfnotysje by de Keamer yn, mei de titel Weidse Blik op Weidevogels. De útwurking fan belied en it debat dêroer yn de Keamer bliuwe lykwols noch hieltyd út.

Dat de see sa slim fersmoarge is dat bisten en planten derfan te lijen ha, is wol bekend. Dat it lykwols sa njonkelytsen wat better giet mei de kwaliteit fan it seewetter, witte minder minsken. It Nijs publisearre op 19 febrewaris in artikel mei de titel Fearn minder strânôffal yn en by de Noardsee as tsien jier lyn. Dêr wurdt yn ferhelle dat der hjoed-de-dei 27 persint minder rommel op ’e strannen leit as tsien jier lyn. Neffens Stichting De Noordzee komt dat trochdat oerheden, bedriuwen en minsken der mear muoite foar dogge om fuortsmytplestik út de natuer wei te hâlden.

Bisten kinne oars ek raar wurk meitsje. Under de titel Behear en skeabestriding guozzen wer tastien berjochte It Nijs op 17 febrewaris oer it opheffen fan it ferbod om guozzen te ferjeien en ôf te sjitten. Dat wie yn it winterskoft ynsteld, mar mei it teiwaar koene de guozzen wer rêstplakken op it wetter fine. Guozzen op it lân ferniele bou en greidlân, dat dêr moat al wat oan dien wurde.

Op 25 jannewaris berjochte It Nijs oer in oar plan. De titel fan it stik wie Oanlis Fiskmigraasjerivier hjoed offisjeel úteinset en yn it stik wurdt beskreaun hoe’t fisken tenei troch in gat yn ’e Ofslútdyk hinne en wer swimme kinne tusken Waadsee en Iselmar. Dat komt de fiskstân te’n goede. Trekfisken dy’t almeast yn sâlt wetter foarkomme, sykje fan rnatuere nammentlik farsk wetter op om te ridzjen.

Op Falentynsdei makke it Fryske Gea foar it earst bylden buorkundich fan it nestke see-earnen yn ‘e Alde Feanen. De ûndersteande foto ferskynde doe op It Nijs:

See-earnen (foto: It Fryske Gea)

In artikel oer bistenijs kin fansels net sûnder nijs oer it meast beprate bist fan ‘e ôfrûne jierren, de wolf. Dat der sa’n fyftjin wylde wolven yn Nederlân binne, is wilens bekend. Op syn minst ien dêrfan is gauris yn Fryslân te finen. Ekologen binne net sa wiis mei de nije ynwenner. Op 18 novimber stie dit stik op It Nijs:

Wittenskip: ‘Bliid dat wolf werom is, mar gefaar wurdt ûnderskat’
De wolf hat him definityf wer yn Nederlân fêstige. Dat docht bliken út spoareûndersyk fan ekolooch Hugh Jansman. Ut DNA fan wolvekeutels laat er ôf dat wolvewelpen dy’t op Nederlânske boaiem berne binne no op harren bar in eigen territoarium feroverje. Neffens Jansman is it hjir foar de wolf ‘taffeltsje dekje’ troch it grutte oanbod oan proaibisten. Mar de wolf fynt it hjir sá oantreklik dat ekolooch Geert Groot Bruinderink slim yn noed sit. “Minsken dy’t tige entûsjast binne oer de wolf, ferjitte faak dat dy ek in probleem wêze kin. Hy kin minsken oanfalle.”

Op 8 jannewaris jout It Nijs it wurd oan Fryske skieppehâlders dy’t wolle dat har keppels tsjin ’e wolf beskerme wurde:

Fryske skieppehâlders wolle stek om provinsje om wolf te kearen
Fiif Fryske skieppehâlders, feriene yn de stifting Wolvenhek Fryslân, wolle dat der in stek om de provinsje hinne set wurdt. Dêr moat mei tefoaren kommen wurde dat de wolf him yn Fryslân fêstiget. It stek moat mear as 150 kilometer lang wurde. De kosten wurde rûsd op sa’n twa miljoen euro. De wolf wurdt út en troch sinjalearre yn Fryslân, de ôfrûne dagen noch yn ’e Alde Feanen. Ferline jier makke in wolf dy’t yn de noardlike provinsjes omswalke, tsientallen skiep dea.

april 17, 2021 02:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.