Baukje Wytsma fiert har 75ste jierdei mei nije dichtbondel
Resint ferskynd
Baukje Wytsma fiert har 75ste jierdei mei nije dichtbondel
Skriuwster en dichteres Baukje Wytsma (Reduzum, 1946) is 1 april 75 jier wurden. Ta eare fan har 75ste jierdei wie al ôfpraat dat yn april har tsiende dichtbondel mei de titel Wyt ljocht ferskine soe. In grutte ferrassing wie it foar har doe’t útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk foar de doar stie om har it earste eksimplaar fan har nije bondel oan te bieden.
Yn in fraachpetear mei Abe de Vries (Friesch Dagblad 26/3/2021) seit de skriuwster oer har nije bondel: “Myn lêste bondel Sân wylgen is fan 2010. Doe tocht ik dat it wol genôch wie. Moatst der altyd ek wol de moed ta hawwe, it is allegear hiel tichtby dysels. (…) Mar dochs kamen der sa no en dan wer gedichten foar it ljocht. Doe kaam de fraach fan de útjouwer om yn ferbân mei myn 75e jierdei in bondel út te jaan.”
“Doe’t ik mei it gearstallen dwaande wie, seach ik dat der in oare diminsje yn it wurk kommen is, de dea is in belangriker tema wurden. Ik bin in mins fan lange freonskippen en ik ha in soad minsken dêr’t ik fan hold yn de lêste tsien jier ferlern. Dat gemis, dat fertriet docht wat mei dy. Dy minsken hearden by myn libben, fierôf of tichtby, sy wiene der, joegen kleur en fleur oan it bestean. Tink allinnich mar oan al dy Fryske skriuwsters út myn tiid dy’t der no net mear binne, mei guon wie ik o sa befreone. Fan ferlies wurdst ek bang. De nije bondel hat as titel Wyt ljocht. Yn dat wite jocht is alle kleur fan it libben ferienige, de ein en it begjin yn ien. Ik tink dat dat de kearn is fan dizze gedichten.”
Wyt ljocht, in suver en ynderlik ljocht.
Wyt op syn helderst, dêr wêr’t alles
begjint en einich is. Dêrtusken is libben,
is tiid. Yn dizze romte belibbet elk minske
syn eigen aventoer, ommers yn it wite
ljocht rinne alle kleuren fan it libben gear.
Soms falt alles teplak, alles wat is, alles
wat wie, in eagenblik alteast kriget alles in
djippere betsjutting.
Baukje Wytsma is al 45 jier aktyf yn de Fryske literatuer, benammen as berneboekeskriuwster en as dichteres, mar se skreau ek toanielstikken, musicals en lietteksten. Yn 2007 krige se de Fryske Anjer en yn 2018, fanwegen har grutte fertsjinste foar de Fryske taal, in keninklike ûnderskieding.
Boekgegevens
Wyt ljocht | Auteur: Baukje Wytsma | Ferkeappriis: € 17,50 | ISBN: 9789493159631 | Utfiering: paperback | Siden: 47
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje