Autoritêre gemeenteleden

april 18, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

It is net sa maklik om hoeder te wêzen…
Thús op ’e pleats fuorren wy yn ’e winter de skiep by. Alle dagen brocht ik in amerfol biks yn ’e trôch. Faak haw ik sjoen dat in sterk skiep de oaren fuorttreau. Soms sprong it oer de oaren hinne. Dan stie er mei de fjouwer smoarge poaten yn ’e trôch him roppich fol te fretten. Ik ha sa’n skiep wolris mei in tou oan ’e hikke bûn, dan koene dy oaren rêstich ite.

Op jûnen fan ’e tsjerke moete ik ek gauris sa’n sterk skiep. In gemeentelid dat autoritêr is, dat syn miening oan oaren optwingt, oaren net útprate lit. Immen dy’t syn sin ha wol, al sil it barste of bûge.

Yn alle plakken dêr’t ik dûmny wie, ha ik minsken oantroffen dy’t troch sterke leauwigen út ’e keppel stompt wiene. Op gemeentejûnen, yn peteargroepen jûken my soms de fingers, sa graach woe ik it autoritêre gemeentelid, lykas it skiep, efkes út ’e groep helje. In kear, doe’t ik oer dy tekst út Ezechiël preke, hie ik in hoarntou mei op ’e stoel…

Myn ûnderfining is dat krekt dy stille gemeenteleden sa weardefol binne. Mar dy klappe ticht as oaren sa bot út ’e hoeke komme. Ropt men de ‘sterken’ ta de oarder, dan wurde dy lulk.

Jezus ûnderfûn dat fan de Farizeeërs. Trouwe tsjerkegongers kleie der oer dat guon minsken net mear yn tsjerke komme. Sille wy it ris fan de oare kant besjen: se binne derút stompt troch ûnferdraachsumens, of stadichoan weibleaun fanwegen it kâlde en kille klimaat. Ut eangst foar sterke skiep wolle guon gemeenteleden gjin âlderling wurde.

De bekende etikus Heleen Dupuis jout dit advys: “Wês ûnferdraachsum foar de ûnferdraachsumen.”
It spyt my dat ik dat te min west ha.
Ezechiël lit ús God sjen as in Hoeder dy’t sterke skiep stevich oanpakt.

Lêze: Ezechiël 34:17-22

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
april 18, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.