Audysje-oprop foar de krystmusical ‘Wûnderlân’
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Studinten Friesland College eksposearje eigen kreaasjes yn Keramykmuseum Prinsessehof 0
- Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber 0
Oankommende kryst sil de nagelnije famyljefoarstelling Wûnderlân fan De Lawei spylje. Foar de fyfde kear wurdt de famyljemusical skreaun troch en makke ûnder lieding fan Paul Passchier en Wilma Hoornstra. De foarstelling wurdt spile troch amateurtalint en stipe troch in profesjoneel produksjetiim. Mei-inoar soargje sy foar in hertferwaarmjende, fantasijrike en oandwaanlike foarstelling, dy’t ein desimber 2021 opfierd wurdt. De syktocht nei regionaal amateurtalint is drok geande en de ynskriuwing foar de audysjes is ûnderwilens iepene.
Elkenien tusken de 10 en 80 jier is wolkom
De Lawei is op syk nei Ellis, it wite knyn, de Hertekeninginne, de Huodsjemakker, Lapkekat, de Ridder en alle oare karakters dy’t bekend binne út de wrâldferneamde Alice in Wonderland-ferhalen fan Lewis Carroll. Elkenien fan 10 oant 80 jier is wolkom en doch audysje. Der wurdt socht nei amateurspilers mei in goede sjongstim, dy’t net bang binne om te bewegen en dy’t fan toanielspyljen hâlde. Oare bysûndere talinten binne ek wolkom. Wa’t dêr tinkt oan tinkt te foldwaan, kin him of har oanmelde foar de audysjes fan sneon 29 en snein 30 maaie. Dy sille foar in part digitaal en foar in part fysyk wêze. Oanmelde kin mei in foto en in filmke oant op syn lêst 12 maaie.
Ynformaasje oer de audysjes, de oanmeldproseduere en de foarstelling is te sjen op www.lawei.nl/wûnderlân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje