AstraZeneca yn Nederlân tenei inkeld foar de âlderein
Resint ferskynd
Minsken ûnder de sechtich krije yn Nederlân net langer in koroanafaksin fan AstraZeneca. Dat hat it regear tongersdei besletten. De reden is dat it faksin deadlike tromboaze feroarsaakje kin.
Dat is lykwols in seldsume bywurking, dy’t rûchwei ien op ‘e hûnderttûzen minsken treft. De Nederlânske rie foar de sûnens hie lykwols oanret en gean allinne by de âlderein troch mei it faksinearjen mei it middel. Dêr hat minister fan folkssûnens Hugo de Jonge de earen nei hingje litten. It is tenei allinne tastien foar minksen fan sechtich jier en âlder, foar wa’t de kâns op tromboaze net oantoand is.
Neffens de minister binne de gefolgen foar de plenning fan ‘e interij net grut.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje