AstraZeneca-prip ynearsten allinne foar âlderein

april 2, 2021 17:42

Nei’t in Nederlânsk frommeske oan tromboaze ferstoarn is, krekt nei’t se in faksinaasje fan AstraZeneca krige hie, wurdt dat middel yn Nederlân ynearsten net mear oan jonge minsken jûn. Nederlân folget op dat stik fan saken it foarbyld fan Dútslân. Dêr waard nei it ferstjerren fan jonge minsken oan tromboaze it middel ek reservearre foar de âlderein, by wa’t gjin fertinking fan in risiko bestiet.

It is de twadde kear yn koarte tiid dat de koroana-intings mei it middel fan AstraZeneca beheind wurde om’t der in fertinking is dat se by guon minsken tromboaze feroarsaakje. Wol is dúdlik dat it giet om in tige lyts oanpart fan ‘e minsken dy’t it middel krije. De Europeeske beoardielingsorganisaasje foar genêsmiddels EMA konstatearre koartlyn dat it faksin feilich wie, al waard net útsletten dat it yn útsûnderlike gefallen it stjurjen fan it bloed beynfloedzje koe.

Yn Nederlân binne fiif meldings kaam fan froulju dy’t nei in AstraZeneca-prip tromboaze ûntwikkele hawwe. Ien fan harren is deroan ferstoarn.

It middel wurdt yn Nederlân tenei allinne oan minsken fan 60 jier en âlder jûn. Tsientûzen pripôfspraken komme dêrtroch te ferfallen.

april 2, 2021 17:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.