Anneke Douma en Griet Wiersma fermoarde

april 12, 2021 12:16

Yn in foarfilmke is te sjen hoe’t Anneke Douma en Griet Wiersma yn ‘e auto stappe, dy’t nei it omdraaien fan it kontaktkaike mei in soad fjoer útinoar knalt. Yn de nije Frysktalige film Stjer sil it heve. Alteast, as it echt is. Of is it in grap fan sjonger Emiel Stoffers fan de Hûnekop? Fan Omrop Fryslân?

In webstee is der al. En ferskate fideo’s oer it meitsjen fan de film. Stjer moat in skriller wêze dêr’t ien it op Fryske artysten foarsjoen hat. Emiel wol it oanlizze mei de froulike plysjeynspekteur, mar dat docht er net sa tûk. Neffens it webstee spylje ûnder mear Iris Kroes, Jehannes Rypma en Eric Ennema yn Stjer mei.

Twa foarfilmkes binne hjirûnder te sjen.

april 12, 2021 12:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.