Anne Frank fertelt oer de ein fan har libben yn har fideodeiboek

april 27, 2021 08:59

“Wat barde der mei Anne nei har arrestaasje?”, wie de meast stelde fraach út de tûzenen reaksjes út de hiele wrâld op de searje Het videodagboek van Anne Frank. It ferhaal hâldt yn prinsipe op, krekt as it deiboek, by de arrestaasje fan de ûnderdûkers yn it Efterhûs op 4 augustus 1944. Mar sjoggers binne grepen troch de bylden en wolle witte hoe’t it Anne fergien is. Dêrom besleaten de makkers in stap fierder te gean.

Anne Frank, spile troch Luna Cruz Perez (foto: ©Anne Frank Stichting/Ray van der Bas)

Yn de lêste ôfleveringen fertelt Anne sels it pynlike ferhaal fan har lêste moannen yn de kampen en de reis dêrhinne. Dat wurdt sa fielber yn byld brocht, dat har libbensferhaal by jong en âld mear as ea tichteby komt. De lêste trije ôfleveringen fan Het videodagboek van Anne Frank binne te sjen fan 2 maaie ôf om 18.40 oere by de NTR op NPO Zapp. De searje is ek fia Instagram Stories te sjen op it Instagram-akkount fan NPO Zapp.

Het videodagboek van Anne Frank is in koproduksje fan de NTR en Every Media en ta stân kommen troch meiwurking fan de Anne Frank Stichting.

Foto: ©Anne Frank Stichting/Ray van der Bas

april 27, 2021 08:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.