‘Allinne’ binne wy yn ferkeard selskip

april 11, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

It leauwe folget net de logika fan 2 x 2 = 4.
In soad minsken yn ús tiid sykje dy logika oars wol. Se fine Tomas oan har side. Dy woe ek it eksakte bewiis: “As ik yn syn hannen de plakken fan de spikers net sjoch, myn finger der net yn stek, sil ik net leauwe.”
Mar tsjin de earste Tomas en alle lettere Tomassen seit Jezus: “Gelokkich dy’t net sjoen ha en dochs leauwe.”

Tusken de rigels troch lês ik dat leauwe yn de opstanning in groeiproses is. Yn dat proses spilet de gemeente in rol, want allinne binne wy yn ferkeard selskip.
Men soe tinke: dy Tomas kinne se wol ôfskriuwe. Mar as de learlingen in wike letter wer byinoar binne, dan is Tomas der ek. De hiele wike hie it entûsjasme fan ’e oaren oan syn twivel fretten.
“Wy ha de Hear sjoen,” seinen se.
As it ris wier wie…?
Minsken kinne har fan Jezus ôf twivelje, mar ek nei Him ta twivelje. Tomas die it lêste.
Jezus kaam “wylst de doar op it slot siet.” Immen dy’t troch tichte doarren komt, is fan in oare logika as 2 x 2 = 4. It is de logika fan it hert, fan de emoasje, fan it gefoel. Tomas wurdt befrijd út it tsjuster fan it ‘ik’.

Allinne binne jo altyd yn min selskip. Oaren binne nedich om leaf te hawwen, om de hoop yn ús wekker te meitsjen. As wy net meidogge yn in gemeente, dan fertutearzgje wy yn leauwe, hope en leafde.
Tomas wie ien kear thúsbleaun en sakke al wei yn ’e draaikolk fan syn eigen ik. Mar yn ’e gemeente leart hy it te sizzen: “Myn Hear, Myn God!”
Dy Hear joech syn libben in doel dat him út ’e sompe fan syn eigen ik omheech luts.

Lêze: Johannes 20:26-29

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan €19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
april 11, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.