Ald-plysjeman skuldich befûn yn saak George Floyd

april 21, 2021 09:58

Yn de Feriene Steaten hat de sjuery yn de saak-Floyd de eardere plysjeman Derek Chauvin op alle oanklachten skuldich befûn oan de dea fan George Floyd. Oer acht wike makket de rjochter de straf bekend. De âld-plysjeman waard fuortdaliks nei de útspraak troch plysjes ôffierd.

Foto: pixabay.com

Chauvin drukte yn maaie ferline jier minutenlang de knibbel op ’e nekke fan de arrestearre swarte man George Floyd, dy’t op ’e dyk lei yn Minneapolis. De 46-jierrige man ferstoar yn it sikehûs. Bylden fan de arrestaasje laten oer de hiele wrâld ta protesten tsjin rassisme en plysjegeweld.

Chauvin stie terjochte foar deaslach en treddegraads moard, in term yn it Amerikaansk strafrjocht dy’t brûkt wurdt as ien net mei opsetsin deade wurdt, as gefolch fan gefaarlik hanneljen en foar deaslach troch neilittigens. Yn it swierste gefal kin er fjirtich jier sel krije.

april 21, 2021 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.