Albert Verlinde jout startsein foar kampanje ‘Moaier as ea!’

april 25, 2021 08:52

Ofrûne woansdei hat Albert Verlinde it startsein jûn foar de grutste konsert- en teaterkampanje dy’t Nederlân ea kend hat. It unike projekt ‘Mooier dan ooit’ wol mei (teater)makkers, de minsken foar en efter de skermen en it publyk op in bysûndere wize ôftelle nei it momint dat alle teaters, poppoadia, festivals, opliedingen, ensfh. wer iepen meie.

Byld: ‘Theater mooier dan ooit’

Albert Verlinde, foarsitter fan it kampanjeteam, is bliid dat er einliks de figuerlike reade loper útlizze kin foar it unike projekt. Under syn foarsitterskip is de ôfrûne moannen gearwurke mei de organisaasjes yn de sektor. Yn gearwurking mei ferskate fûnsen lykas it Prins Bernhard Kultuerfûns en in protte teaters en makkers is de kampanje ta stân kaam. De kampanje, finansiere troch de oerheid, Nationaal Theaterfonds en de BankGiro Lotterij, is breed droegen. Mear as 300 organisaasjes út de hiele kultuer- en entertainmentsektor wurkje mei. It is noch nea yn Nederlân fertoand dat safolle organisaasjes subsidiearre en net-subsidiearre de hannen yninoar slein ha.

De bedoeling fan de kampanje is dat Nederlân ôftelt oant it momint dat de lokaasjes echt de doarren wer iepenje meie. De makkers sille yn de kommende perioade yn it sintsje set wurde. Nei goed in jier neat dwaan te kinnen, krije sjenres en makkers yn in spesjaal foar harren bedoelde wike alle omtinken. Sa sil der de wike fan it kabaret wêze, de wike fan it teater, de wike fan de dûns, de wike fan de musical en de wike fan de klassike muzyk. De kampanje is no úteinset en giet op syn minst in jier troch.

De Lawei yn Drachten docht ek mei. Sa kin in unike rûnlieding mei kulinêre ferrassingen foar de wearde fan € 50 wûn wurde. Mar ek in teaterdiner foar twa, drankjes ynbegrepen foar de wearde fan € 75. In VIP-jûn út, de gasten wurde dêrby mei in taksy helle en brocht. En in jûn mei diner, hapkes, burrel en fansels in moaie foarstelling foar de wearde fan € 175.

Fia de webside www.mooier-dan-ooit.nl binne al dy prizen te winnen.

april 25, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.