Aant Mulder: Sichtberens is net te hearren

april 20, 2021 07:00

Kollum

Der wurdt heech ynset op de sichtberens fan it Frysk. Dêr sjogge Provinsje, gemeenten en guon oare ynstânsjes wol mooglikheden ta. Wa’t negatyf wol, neamt soks in moadeferskynsel of helte slimmer Geveltsjefrysk. No hat der altyd wol omtinken west foar Fryske nammen en sa, mar sûnt Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd en de lêste BFTK (Bestjoersoerienkomst Fryske Taaal en Kultuer) nimt dat omtinken ta. Sels De Haach docht mei. Dat docht bliken út de tasizzing fan minister fan Ynlânske Saken Kajsa Ollongren oangeande it Fryske taalbelied. Yn maart hat se tasein dat se mei de provinsje Fryslân soargje sil foar folle mear Frysk yn de iepenbiere romte, ek yn De Haach. De oannommen moasje fan de Fryske Twadde Keamerleden Aukje de Vries en Harry van der Molen ha dat fan gefolgen. It feroarjen fan de namme foar in seal op har ministearje fan Frieslandzaal yn Fryslânseal is wat dat oanbelanget it begjin.

Mear sichtberens dus. Dat is moai. It giet net allinne om dingen dy’t earder net yn it Frysk skreaun wiene en no wol, mar ek om nije betinksels. It moat ek om dingen gean dy’t wat fierder geane as it earder neamde Geveltsjefrysk. It moat om dingen gean dy’t dúdlik meitsje dat it Frysk gewoan is en dat we dat gewoan brûke kinne. Oars hat it allegearre net folle doel. Dat guon formulieren op oantrúnjen út Fryslân wei no ek yn it Frysk beskikber binne is in moaie opstekker. Dat wol lykwols net sizze dat soks no hieltiten systematysk dien wurdt. Wy, en guon fan jimme grif ek, krigen RIVM-brieven yn it Hollânsk en it Ingelsk. Hoe is it mooglik! Ik ha om it Frysk socht. Omdoch dus! Ik fyn it gewoan dat sokke brieven yn de beide lânstalen skreaun wurde en dat dêrnei oare talen yn byld komme. Der is noch in protte mooglik as it om de sichtberens fan it Frysk giet. Wy moatte mar oanhâlde as storein.

Dat is de sichtberens, mar oer ‘hearberens’ hearre we hielendal neat. It hiele wurd stiet net iens yn it wurdboek. Dat is nuver. Wy kinne talen ommers net allinne sjen, mar ek hearre. Nei alle gedachten jout de sichtberens wat minder swierrichheden as de ‘hearberens’. Dat hat grif ek te krijen mei it feit dat sjen gewoaner en frijbliuwender is. Men kin dernei sjen, mar it hoecht net. Der binne altyd wol oare mooglikheden. Dochs soe ik wolle, dat as it om it hearren giet, wy folle faker de dingen yn it Frysk hearre kinne soene. Dat moat kinne, mar net hoege.

Ik soe ta wolle op in earste, hiel oare fraach of meidieling:
toets 1 foar Hollânsk, 2 foar Frysk en 3 foar Ingelsk
en hokker talen bedriuwen fierder mar wolle

Ik kom dêrop om’t ik yn kontakten mei oerheden, mei bestjoeren en ynstânsjes folle faker as earder, sûnder it te witten, praat mei meiwurkers fan helpdesken hiel earne oars yn ús lân. Dat jildt foar ús allegearre. Wy wurde eins altyd wolkom hjitten yn it Hollânsk. Eartiids koe men sjen mei wa’t men prate en dan wie it ornaris wol dúdlik hokker taal dêrby hearde. Dat is no hiel oars. Wy sjogge de minsken net mear, wy witte net mear wêr’t se sitte en hokker talen se al en net prate.

Dat is nuver. Dêrom komt it oan op de ‘hearberens’ fan it Frysk. Dat ferlet om te hearren mei wa’t men praat en hoe’t men prate kin, dêr soe yn fersjoen wurde moatte. Dy ‘hearberens’ begjint al by wat allegearre yn winkels en gebouwen omroppen wurdt. Dat wurdt no eins altyd yn it Hollânsk dien. Yn twa talen soe it like goed kinne. Ik tink lykwols earst en meast oan al dy callcenters en servicedesks. Dy sintrums dogge alle war om jo fragen sa goed mooglik te beäntwurdzjen. Dêr binne de meiwurkers foar oansteld. As we nei de websiden fan de bedriuwen dêr’t we mei skilje sjogge, kinne dy faak besjoen en lêzen wurde yn ien of mear talen. It komt foar dat foar Frysk, Hollânsk of Ingelsk keazen wurde kin.

Foto © Aant Mulder

Hawar, dat hat wer mei de sichtberens en net mei de ’hearberens’ te krijen. Mar soe dat lêste net like goed kinne? As men skillet, hat men hieltyd faker mei karmenu’s te krijen, net te min. Ik soe ta wolle op in earste, hiel oare fraach of meidieling: toets 1 foar Hollânsk, 2 foar Frysk en 3 foar Ingelsk en hokker talen bedriuwen fierder mar wolle. It seit himsels dat efter dy 1, 2 of 3 minsken sitte, dy’t yn dy taal mei de beller prate kinne. Dat liket my net hiele lestich. Fryskpratende lju komt men rûnom en dus ek yn hast alle bedriuwen wol tsjin. It is in kwestje fan organisearjen. It moat in ferplichting wurde dat fia dat soarte fan karmenu’s kontakten ûnderholden wurde mei de bellers en yn de taal dy’t dy bellers brûker wolle. Dat soe foar in lân mei twa talen hiel gewoan wêze moatte.

No binne der mar in pear ynstânsjes dy’t it goed dogge en dat binne fansels ynstânsjes yn Fryslân. Yn de measte gefallen hinget it ôf fan it tafal. Jo begjinne yn it Frysk en dat wurdt op likense wize beäntwurde of der wurdt jo daliks frege oft jo wol Nederlânsk prate wolle. Dat is altyd in ferfelend begjin fan in petear. Swierrichheden oer de taal wylst it om in hiel oare fraach gean moat! Ik fyn it sels wol aardich en begjin yn it Frysk, nim de oare taal oer as it moat en begjin op in beskaat stuit as de gelegenheid him foardocht wer yn de eigen taal. Dat slagget faker as ik ferwachtsje. Dat it liket my net in heikarwei ta en formalisearje foar helpdesks en callsintrums dy’t mei Frysktaligen te krijen ha sa de ‘hearberens’ fan it Frysk.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 17 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 20, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.