Aant Mulder: Fryslân fan hout en stien

april 27, 2021 07:00

Kollum

Hout en stien binne boumaterialen dêr’t we meikoarten grutte steapels fan nedich ha. De polityk wol ommers sa’n 220.000 huzen yn de noardlike provinsjes bouwe. Alteast, dat moatte dy provinsjes goedfine as se bettere ferbiningen mei de Rânestêd ha wolle. Dêr stiet fansels foaroer dat aardich wat minsken út de Rânestêd wei har hjirre nei wenjen sette en dan thús foar de kompjûter sitte of yn de Rânestêd binne. Dy huzen sille earst en meast boud wurde op plakken dêr’t stasjons binne, dus op ’e Lemmer, op It Hearrenfean en yn Drachten. De doarpen dêromhinne wurde grif foarstêden fan de neamde plakken. It sil dêr stil wêze, neam it mar sliepstêden. Der moat fansels wol om tocht wurde dat der romte bliuwt foar dat nije spoar.

Wat aanst yn de neamde plakken faaks yn it grut dien wurdt, dogge we as Friezen de lêste tiid al faker yn it lyts. Wy slute ús hieltyd mear ôf foar de bûtenwrâld. Wy ha hieltyd mear hout en stien nedich om it eigen hiem op te kreazjen mei terrassen, sithoeken, pergola’s en gruttere hokken. Wy wolle it allegearre bûtendoar mei sa min mooglik wurk sa moai mooglik ha. Grutte parten wurde betegele of mei stiennen en stientsjes ferhurde. Dat eigen territoarium freget om ôffreding, hieltyd heger en om hieltyd mear hiemen. De Fryske stekken binne Hollânske ‘skuttingen’ wurden. Dat is in hiele feroaring by hoe’t it west hat.

Foto © Aant Mulder

Eartiids hiene we op de doarpen arbeidershúskes mei bleken of blomperkjes. Dêr stiene ligusterhaachjes omhinne. Efterhûs waarden stekjes foar de ôffreding brûkt en guon bewenners hiene dêr in grientetúntsje. It paad nei de foardoar wie ornaris in smel strjitsje of in tegelpaad fan twa tegels breed. Yn guon kriten rûn dat paad oer in brechje, want it wetter moast ek earne hinne kinne. Stadichoan ferdwûnen de ligusterhagen. Der kamen oare soarten, dy’t moaier, mar benammen heger wêze moasten. Dat late ta konifearehagen. Mar goed sokke hagen fergje in protte ûnderhâld en se kinne ek deagean. Dat hat fan gefolgen dat beamkeguod en stekjes hieltyd faker ferfongen wurde troch mânselhege sketten. Wat wier is moat sein wurde, wy dogge dêr ek oan mei.

Yn Fryslân hiene we tichelwurken, dêr’t stiennen, dakpannen en tegels bakt waarden. Dat wie logysk. Wy hiene de klaai as grûnstof, de turf om te stoken en de goede eksportmooglikheden nei oare lannen ta. Makkum en Harns binne net tafallich de plakken dy’t wat dat oanbelanget derta diene. Dat wie al sa fan de midsiuwen ôf. It sille foar de eigen minsken likegoed djoere produkten west ha. Stikkene dakpannen en stiennen waarden ta pún makke en brûkt om paden en reden te ferhurdzjen. Dy tichelwurken fan doedestiden mei de lange ôfdakken foar it drûgjen en de hege pipen foar de reek, sjogge we net mear. Dat hiele proses is ferdwûn yn fabrykshallen op yndustryterreinen.

Wy wolle hiemen dêr’t we sa min mooglik wurk fan ha
en dêr’t we tagelyk optimaal fan genietsje kinne

Yn de hjoeddeiske stienbakkerijen wurde moaie dingen makke. Dan bedoel ik net iens de platelen fan de Keninklike Tichelaar yn Makkum foar gebouwen en grutte romten. Nee, ik bedoel de tegels dy’t hjoed-de-dei by de túnsintra steane. Dat wurde hieltyd gruttere en moaiere stiennen en tegels. Grutter en moaier, dat jildt eins foar alle materialen. Yn de tiid dat minsken troch omstannichheden in protte thús wêze moatte, liket it ferlet om de tún yn te rjochtsjen mei sokke materialen allinne mar grutter te wurden.

It doel is dúdlik. Wy wolle hiemen dêr’t we sa min mooglik wurk fan ha en dêr’t we tagelyk optimaal fan genietsje kinne. Hout en stien binne dan ideale materialen. De lêste pear stikjes gers binne foar de robotmeanmasine. Wetter wolle we leaver net en as it al falt, wolle we it sa gau mooglik kwyt. Nee, wy wolle eins allinne mar wetter as it ús útkomt. Dêrom komme der hieltyd mear automatyske bereiningsynstallaasjes. It liket in prachtige ûntjouwing, mar der binne wol in pear tûkelteammen en dy komme der hieltyd mear.

Wy wolle bûtendoar sitte en ús eigen dingen dwaan, gjin lêst fan oaren ha. Dêrom dus dy hege ôffredingen, dêr’t earder of letter samar diskusje oer ûntstean kin. Doocht de hichte wol, stiet it gehiel wol op de grins fan de hiemen en fan wa is dat ding iens?  Hoe sit it mei de beammen oare kant de ôffreding en dy’t fan en ta sels oerhingje, de muzyk by buorlju dy’t we net kenne? Betink it allegearre mar. Yn de tiid fan de haachjes en stekjes wisten we wa’t ús buorlju wiene. Wy witte no hieltyd minder faak wa’t oare kant it sket wenje. It makket it lestiger om goed mei-inoar ôf te praten. De ridende rjochter hat der suver deiwurk oan. In pear famyljes yn Starum foarmen wer sa’n foarbyld. Alde begripen wurde suver nij. As it goed is, binne datsoarte fan ôfskiedingen mandélich. Dat betsjut dat dingen mienskiplik binne, dat men in oanpart hat yn en dus mei-inoar ferantwurdlik is foar.

It soe moai wêze as doarpen gjin sliepstêden wurde. It soe noch moaier wêze as de minsken op de doarpen, sa no en dan nochris in praatsje oer de hage hâlde kinne. De bedrigingen fan al dy nije huzen fan bûtenôf moatte likegoed as de hege ôffredingen fan binnenút eins net fan gefolgen ha dat we inoar net mear sjogge en net mear kenne. In bytsje mear romte foar de Akke Radsma’s en dus foar praatsjes oer de hage, soe aardich wêze.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 24 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 27, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.