Aaipop net yn Nijlân mar thús
Resint ferskynd
Sûnt 1987 wurdt yn Nijlân op Peaskemoandei Aaipop organisearre. Mei in oanwaaks oan bands fan acht yn dat jier oant 25 yn 2012 is it it grutste Frysktalige popfestival. Yn 2001 gong it festival oer omreden fan de tongbliergoarre dy’t doedestiden omgie en ferline jier wie der in digitale ‘Aaipop yn Karantêne’ troch de koroana. Om’t dy goarre ús noch hieltyd pleaget, wurdt it diskear wer in spultsje fan thús nei de bands sjen en harkje. Soks hjit no fan ‘LAAIVESTREAM’ en der binne foar Twadde Peaskedei fiif optredens oankundige, tusken twa oere middeis en tsien oere jûns. Te belibjen fia aaipop.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje