‘A Smokers’ Theatre’ yn Keunsthûs Syb

april 27, 2021 09:04

Residinsje

Sêne 1. Efter it reekgerdyn wei komt in akteur, him de hannen útstrutsen, it toaniel op, dat de earste kear liket op in mediterraansk doarp, in oare kear op in kafee út 1920, “stjerrende wier” wurdt, neffens it skript, troch de akteur proklamearre.

[…]

(We rinne troch de binnenstêd fan Utert)

Caz: SYB is ek sa’n plak dêr’tst hiel goed in ynstallaasje yn meitsje kinst dy’t de hiele romte beslacht, […] dêr’tst net by hoechst te dwaan as soenen dielen der net wêze. Jesse: En ek moai datst dan de taskôger fuort it wurk yn komme litst, se sitte der middenyn, oft se wolle of net.

[…]

Bertold: They hand in their hat at the cloakroom, and with it they hand their normal behavior. […] I would be delighted to see our public to be allowed to smoke during performances. […] Mainly for actor’s sake. In my view it is quite impossible for the actor to play unnatural, cramped and old-fashioned theatre to a man smoking in the stalls.

[…]


Yn april en maaie binne Caz Egelie en Jesse Strikwerda te gast yn Keunsthûs SYB. Yn dy tiid wurkje se gear om dekôrs en ynstallaasjes te meitsjen dy’t in rol spylje yn in feroarjend toanielstik, dêr’t hieltyd oare akteurs in rol yn spylje. Dêrby basearje se har op de tradysje fan ús Iepenloftspullen, fragen om de identiteit fan de keunstner hinne en Bertold Brecht syn ideeën oer The Smoker’s Theatre. Harren projekt sil (ek yn ferbân mei de jildende koroanamaatregels) liede ta in film dy’t oan ’e ein fan de residinsje yn SYB, fan 13 oant en mei 16 maaie te sjen wêze sil.

‘A Smoker’s Theatre’ (boarne: Syb)

Caz Egelie (1994) makket ynstallaasjes, performances, twadiminsjonale wurken en fideo’s. Dêr kombinearret er in multydissiplinêre fisuele vokabulêr yn mei in konseptuele oanpak, dy’t útskaait nei teäter en performativiteit. Troch te ferwizen nei de keunstskiednis en nei oare keunstners, en troch net-gongbere wizen fan produsearjen en presintearjen yn te setten, spilet Caz in pingpongspul mei echt en sabeare, feit en fiksje, reproduksje en ‘de hantekening fan de keunstner’. Troch soksoartige klassifikaasjes te ûntkennen, leveret Caz út ’e posysje wei fan de nar ynstitúsjonele krityk, mei wat men by eintsjebeslút in ynstitúsjonele grap’ neamme kinne soe.

Jesse Strikwerda (1991) makket ynstallaasjes en skulptueren dêr’t yn te sjen is dat de werklikheid te meitsjen is. It útgongspunt foar dat ûndersyk nei in byld wurdt foarme troch it ûntraffeljen fan de ferskillende lagen fan in konstruearre werklikheid. Konstruksjes wurde omsmiten, optild, weistoppe en oan it publyk toand. Efterkleden wurde foarinoar hongen, as maskearring fan de ûnderlizzende struktuer, en dêrnei troch de keunstner wer opkrige om dyselde struktuer fan in poadium te foarsjen. Eleminten út ’e werklikheid (boumaterialen, feestartikels, fûne foarwerpen) wurden ôfwiksele mei bylden (tekenings, stripeftige eleminten en klaai-objekten), dêr’t in spannend spul troch ûntstiet en dêr’t op in boartlike wize pynlik dúdlik yn wurdt dat alles makke én ôfbrutsen wurde kin.

It projekt wurdt mooglik makke troch it Mondriaanfûns en de provinsje Fryslân.

april 27, 2021 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.