Foarearst gjin faksinaasjes mei AstraZeneca mear

april 3, 2021 15:51

De GGD set tydlik it ynintsjen mei it AstraZeneca-faksin yn it hiele lân hielendal stil. Dêr wurdt it fergriemen fan it faksin mei tefoaren kommen.
Juster waard al besletten om foarearst gjin minsken fan ûnder de sechstich mei AstraZeneca te faksinearjen. Dat wie omdat der fiif nije meldingen wiene fan slimme bywurkingen by froulju fan tusken de 25 en 65 jier.

It ministearje fan folkssûnens en it RIVM hawwe no besletten om de earstkommende dagen mar mei dat faksin op te hâlden. Dat komt de faksinaasjekampanje te’n goede, al geane dêrtroch de ôfspraken mei sânhûndert minsken net troch. Soene dy wol mei AstraZeneca yninte wurde, dan wiene dat der op de ûnderskate lokaasjes te min om in fleske leech te meitsjen en soe it restant dus weismiten wurde moatte.

It ynintsjen mei de oare faksins giet gewoan troch. Dat hâldt yn dat der takomme wike sa’n zo’n 40.000 ôfspraken deis wol trochgeane.

april 3, 2021 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.