110 grêftomben yn Egypte bleatlein

april 28, 2021 09:22

Yn de Egyptyske Nyldelte hawwe archeologen 110 grêftomben bleatlein. It giet om 68 ovale tomben, datearjend fan 6000 oant 3150 foar Kristus, en 37 rjochthoekige tomben út de perioade 1782 oant 1570 foar Kristus. De oare fiif ovaalfoarmige grêven datearje út likernôch 3200 oant 3000 foar Kristus.

Opgraving by Luxor Egypte (foto: Wikipedia/Wouter Hagens – CC BY-SA 3.0)

Yn guon grêven binne minsklike rêsten fûn fan sawol folwoeksenen as bern. Yn ien fan de grêven wie in poppe begroeven yn in grut ierdewurken fet. Fierder fûnen de archeologen yn de grêven ierdewurken foarwerpen en begraffenisguod. Yn it gebiet waarden ek ûnen, kôkkachels, fundearringen, amuletten en sieraden fûn.

It is de lêste yn in rige fan archeologyske ûntdekkingen. Earder dizze moanne waard deun by Luxor in delsetting bleatlein dy’t neffens saakkundigen in protte dúdlik meitsje sil oer it libben yn it âlde Egypte, yn ’e tiid fan de hearskippij fan farao Amenhotep III. Yn febrewaris waarden rêsten fan in bierbrouwerij ûntdutsen.

april 28, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.