Ymmigraasje kostet likefolle as wat ierdgas opbringt

maart 4, 2021 12:54

Foto: John van Weelden, Unsplash

Ymmigraasje nei Nederlân hat it lân de lêste tsientallen jierren in soad jild koste. Dat komt trochdat ymmigranten dy’t lang of definityf yn Nederlân bliuwe gauris in lege oplieding hawwe, minder preemjes betelje en relatyf faak in útkearing krije. Dat wurdt by harren bern almeast net oars. As it ymmigraasjebelied net feroaret, wurde de kosten skielk te heech om de fersoargingssteat betelje te kinnen. Dat skriuwe fjouwer ûndersikers fan de Universiteit fan Amsterdam op basis fan in grut ûndersyk.

“Het adagium ‘het komt wel goed mei de volgende generaties’ gaat niet op: indien immigratie bij de eerste generatie een fors negatief effect heeft, zullen volgende generaties die kosten in de praktijk zelden goed maken.” Dat skriuwe de ûndersikers yn harren ûndersyksferslach. Hja wize derop dat allinne Sinezen in útsûndering foarmje op dy regel: fan dy groep hat de bern faak in dúdlik hegere oplieding as de âlden.

It binne benammen minsken út net-Westerske lannen dy’t in lege oplieding hawwe en lang yn Nederlân bliuwe. Yn de perioade 2015-2019 hat dy groep Nederlân neffens it ûndersyk sa’n 27 miljard euro yn it jier koste. De kosten fan ymmigraasje sûnt 1995 binne mear as 400 miljard, skriuwe hja: “een bedrag in de orde van grootte van de totale aardgasbaten van het begin van de winning tot heden.”

Neffens de ûndersikers is der in ‘Derde Demografische Transitie’ oan ‘e gong. Trochdat autochtoanen net in soad bern mear krije en trochdat der in protte ymmigraasje west hat, is it oanpart minsken mei in bûtenlânske eftergrûn hurd oan it tanimmen. Op it stuit komt 13 persint fan de ynwenners fan Nederlân út in oar lân. 11 persint is bern fan ymmigranten. De tredde generaasje wurdt as autochtoan beskôge. Dy feroaring fan ’e befolking “maakt dat de gevolgen van immigratie voor de overheidsfinanciën steeds beleidsrelevanter zullen worden”, skriuwe de wittenskippers.

It kin sa net bliuwe, neffens de ûndersikers. Hja skriuwe dat de kosten fan ymmigranten stige sille nei 50 miljard euro yn it jier as de trend sa bliuwt: “een verdrievoudiging die de verzorgingsstaat hoogstwaarschijnlijk niet zou overleven.”

De oarsaak leit net by it ûnderwiis, neffens de ûndersikers. Hja skriuwe: “Niet het Nederlandse onderwijssysteem, maar (zelf)selectie van immigranten op opleidingsniveau en de arbeidsmarktprestaties van immigranten zijn de grootste producenten van groepsverschillen in nettobijdrage.”

Dat ymmigraasje nedich is om de befolking jong te hâlden, is neffens de ûndersikers net wier. Hja skriuwe dat de ymmigranten sels ek âld wurde en dat it gelyk hâlden fan it oanpart 65-plussers derta liede sil dat der yn it jier 2100 75 miljoen minsken yn Nederlân wenje.

It ûndersyk is útfierd troch Jan van de Beek, Hans Roodenburg, Joop Hartog en Gerrit Kreffer. It ferslach fan it ûndersyk is publisearre ûnder de namme Grenzeloze verzorgingsstaat. De gevolgen van immigratie voor de overheidsfinanciën. It is hjir nei te lêzen.

maart 4, 2021 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.