Wytske Holtrop iepenet online Festival Jong Talint Skiermûntseach

maart 1, 2021 08:51 Fernijd

Fanwegen de koroanamaatregels wurdt de feestlike tsiende edysje fan Festival Jong Talint hielendal online holden. Fan 13 o/m 17 maart kin it publyk fia Schier Online ûnder mear genietsje fan konserten, masterclasses, muzykfideo’s, portretten fan jonge musisy en oantinkens fan âld-dielnimmers. De Fryske sellist Wytske Holtrop fersoarget it iepeningsrecital, de Fryske sellist Florianne Remme is te hearren by de masterclasses, wylst Tom Schipper en Thomas Prchal har by harren nije komposysjes ynspirearje litte troch de skjintme en skiednis fan it Waadeilân.

Wytske Holtrop (boarne: The Publicity Company)

De ôfrûne njoggen jier reizgen mear as sânhûndert toptalinten fan oer de hiele wrâld nei Skiermûntseach foar in optreden op Festival Jong Talint. De publike belangstelling wie yn al dy jierren tige grut. De edysje fan 2021 wurdt in hiel bysûnderen-ien fanwege it tsienjierrich jubileum, mar ek omdat it festival syn jierdei yn koroanatiid hielendal online fiert. It programma is fiks útwreide mei ekstra konserten en programmaûnderdielen. Sa hoecht de thúsbliuwer neat te missen. De organisatoaren doare sels te bewearen dat it publyk fia Schier Online nóch tichter by de jonge musisy komt.

It programma bestiet ûnder mear út fyftjin livestreamkonserten. Dy wurde jûn troch jonge talintearre musisy, dêr’t op dit stuit gâns fan ferwachte wurde mei. Under mear Duo Zeffiretti (winner Grachtenfestival Conservatorium Concours 2020), jongNBE (it bruorke fan it Nederlands Blazers Ensemble) de Nederlânske sopraan en opkommend talint Laetitia Gerards, sellist Benjamin Kruithof (winner fan it Nationaal Cello Concours 2020), it Chianti Ensemble en MAAT Saxophone Quartet (finalist Dutch Classical Talent 2021/2022) mei keamermuzyk op it heechste nivo, pianist en oargelist Laurens de Man, dy’t de Goldbergfariaasjes fan Bach spilet. De Fryske sellist Wytske Holtrop fersoarget mei û.o. Piazzolla’s Grand Tango it iepeningsrecital en Tom Schipper en Thomas Prchal brûke Skiermûntseach as ynspiraasje foar twa nije komposysjes.

Fierder jout sellist Jeroen Reuling twa online masterclasses, dêr’t de Fryske sellist Florianne Remme oan meidocht, kin der geniete wurde fan unike muzykfideo’s mei Skier as betsjoenend dekôr, nimt Herman, de Fryske festivalreporter, de sjoggers mei oer it eilân, binne der lêzingen oer talintûntwikkeling en de oarsprong fan it konservatoarium, fertelle jonge musisy oer harren ûnderfiningen yn koroanatiid en sjogge âld-dielnimmers mei digitale flessepost werom op de ôfrûne njoggen edysjes.

Festival Jong Talint is it jongere bruorke fan it ynternasjonaal Keamermuzykfestival Skiermuontseach, dat jierliks begjin oktober holden wurdt.

Sjoch op de side fan Festival Jong Talint foar mear ynformaasje.

Besjoch de oankundigingsfilm:

maart 1, 2021 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.