Wykoersjoch koroanasifers Fryslân 19 oant en mei 25 maart 2021   

maart 27, 2021 10:47

Dizze wike wiene der wat mear nije besmettingen, testen en faksinaasjes as de wike dêrfoar, mar de stiging wie mar 3 persint (fan 1606 nei 1658) en de wike dêrfoar 36 persint.

Giene lanlik besjoen de besmettingssifers by de jongfolwoeksenen omheech, yn Fryslân sakken dy. Hjir binne mear besmettingen ûnder de tritigers en fjirtigers. It tal besmette bern op basisskoallen sakke fan 215 nei 175. Der waarden wol mear bern test, dat it saneamde fynpersintaazje gie mei goed 6 persint omheech.
Yn ferpleech- en fersoargingshuzen set it sakjen fan it tal nije besmettingen troch. Dat komt trochdat de measte bewenneres al yninte binne. Yn de thússoarch wiene 27 besmettingen, in treddepert minder. Yn de sikehuzen sakke it tal positive testen fan 74 nei 57.

Peaske
De dochs te hege besmettingssifers meitsje dat mei de Peaske noch hieltyd strange beheiningen jilde: net mear as ien persoan deis op besite. GGD Fryslân docht in berop op it sûne ferstân: geregeld hanwaskje, ôfstân hâlde en inoar leafst bûtendoar moetsje. Foar bern jildt dat net, mar nim se net mei nei pake en beppe as se in snotnoas hawwe en as se net test binne.

Sifers
Mei ynbegryp fan de 1658 nije besmettingen binne no 31.357 ynwoners fan Fryslân posityf op koroana test. Der binne mear as 300.000 testen ôfnommen. By de GGD binne krekt as in wike earder 10 stjergefallen bekend. Der moasten 11 minsken yn it sikehûs opnommen wurde.

Gemeentlike sifers (tusken heakjes de foarige wike):
Súdwest-Fryslân 309 (347), Ljouwert 222 (264), De Fryske Marren 186 (142), Noardeast-Fryslân 162 (150), Smellingerlân 161 (150), Waadhoeke 128 (176), Eaststellingwerf 77 (46), It Hearrenfean 75 (57), Dantumadiel 72 (36), Weststellingwerf 69 (61), Tytsjerksteradiel 63 (55), Opsterlân 56 (50), Achtkarspelen 41 (35), Harns 30 (34), Skylke 5 (2), Skiermûntseach 2 (1), Flyelân 0 (0) en It Amelân 0 (0).
Yn De Fryske Marren en  Eaststellingwerf wiene de sifers noch net earder sa heech. Yn Súdwest-Fryslân en Ljouwert, oars de gemeenten mei de heechste sifers, sakken se no. Yn Waadhoeke sakken se it meast.

maart 27, 2021 10:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.