Wol Ljouwert greidefûgels yn Hounspolder beskermje?

maart 30, 2021 07:40

De gemeente Ljouwert hat bouplannen foar in nij buorskip De Hem ûnder Goutum. Dat moat fuort neist de Hounspolder te lizzen komme. Fanâlds is dy polder in greidefûgelgebiet. De Goutumers binne dêr wiis mei en hawwe dan ek noed dat de fûgels troch de nijbou ferballe wurde. Se wize derop dat soks de natuer skea oandocht. De oanwêzichheid fan greidefûgels stiet symboal foar it belibjen fan kultuerhistoarysk lânskip. Dat is krekt ferankere is yn de Ljouwerter identiteit.

De gemeente praat him skjin troch te wizen op de besteande finansjele regeling foar greidefûgelkompensaasjegrûnen. Neffens de Goutumers jout dy gjin garânsje dat it tal briedpearen beholden bliuwt. De praktyske útwurking fan dy kompensaasje ropt in protte fragen op.

Nei oanlieding fan dy argewaasje stelt de PvdA-fraksje yn de gemeenteried fan Ljouwert fragen oan it kolleezje fan B&W. De fraksje wol witte oft it wier is dat De Hem yn de provinsjale omjouwingsferoardering as ‘pearel’ fan greidefûgelkânsen ynkleure is en wat de effekten fan eardere kompensaasjes wiene. Fierder oft it kolleezje oanjaan kin watfoar planologyske, ekologyske en juridyske eftergrûnen in rol spilen by it ynfoljen fan de kompensaasje, oft de gemeente maatregels nimme wol om de fûgels te beskermjen en oft de gemeente in stripe fan trijehûndert meter tusken de Hounspolder en de De Hem ûnbeboud litte wol.

maart 30, 2021 07:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.