Winkeltiid diele!

maart 1, 2021 11:09

Ynstjoerd

Ljouwert, Nijstêd, drokke kant. Boarne Wikimedia Commons

As soan fan middenstanners – ús mem wurke like hurd mei – griist it my oan dat de net-essinsjele winkels no al twa moanne ticht binne. Sûnt de wite jassen it yn De Haach oernaam hawwe, is alle kreativiteit út ’e polityk ferdwûn.

Al tiden prakkesearje ik oer in kombinaasje fan sa min mooglik bewegingen yn de winkelgebieten en de wize wêrop’t winkellju fan net-essinsjele winkels dochs net op harren pinsjoen of hûs hoege yn te tearen.

Yn en nei de oarloch, dy’t ik gelokkich net meimakke haw, wie der krapte oan alles. Dus ek oan de gewoanste dingen. It guod wie doe op ’e bon. No pleitsje ik hjir net foar in bonnesysteem, mar wat let ús om de tiid fan it winkeljen yn sokke winkels te ferdielen. En dan tink ik net oan in dreech systeem, mar oan it opdielen fan ’e dagen oan ’e hân fan it lêste sifer fan ús boargerservicenûmer.

Moandei de einsifers 1 en 2, tiisdei 3 en 4 ensafuorthinne oant op freed 9 en 0 oan bar binne. Dan hâlde wy noch de sneon oer. It funshoppen op snein is no efkes net oan ’e oarder. Troch op dy sneon wer mei 1 en 2 te begjinnen skowe wy ien dei op en sa krije wy allegearre ek wol ris in freed of sneon dy’t ús wat better útkomt. Op dy wize is de tarin 20 persint en mei wat omstippers dy’t de winkel net yn meie, sa’n 30 persint. Sa kinne jo op jo winkeldei sels de dingen wer ris yn ’e hannen hawwe. It jout de winkels en de klanten, dy’t op gjin inkelde wize diskriminearre wurde, mooglikheid inoar alle wiken ien kear te sjen en dêrmei de nedige lucht. Boppedat falt it fol te hâlden. Ommers fan dy koroana binne wy foarearst noch net ôf.

Cor Jousma
Feanwâlden

maart 1, 2021 11:09
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lb maart 4, 07:46

    @Jousma, stjoer dit troch oan Rutte, liket my in tûk plan. ( Geef Frysk oars, mar wol ‘yntarre’, en ‘willewinkelje’ ynstee fan funshoppe.)
    Lútsen B

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.