Win in sinjearre print fan Ronnie Wood by online útstalling ‘The Rolling Stones – Unzipped’

maart 7, 2021 08:51

De eksposysje The Rolling Stones – Unzipped is fan no ôf online te besjen yn in firtuele 360 grade-omjouwing fia www.groningermuseum.nl. Besjoch de ynstruminten, deiboeken en kostúms en ferdjipje dy yn it ferhaal fan de wrâldferneamde rockers. It museum ferlottet ûnder de besikers fan de tour in sinjearre print yn in limitearre edysje fan Ronnie Wood en trije katalogy sinjearre troch Mick Jagger.

Foto: Groninger Museum

Yn de 360 grade-fotografyopname sjocht men Unzipped fan it begjin oant de ein. Der binne films en fragminten tafoege, dy’t net yn de úststalling sels foarkomme, lykas bylden fan it drumstel fan Charlie Watts en in spektakulêre film fan de opbou fan it appartemint yn Edith Grove fan de Stones yn de sechtiger jierren. Museumdirekteur Andreas Blühm fertelt yn fideofragminten oer syn persoanlike favoriten: it deiboek fan Keith Richards en it ferneamde album Sticky Fingers. As ekstra tajefte binne der foto’s fan de Stones, makke troch Andy Zuidema.

The Rolling Stones – Unzipped is ferlinge oant 18 april. Fanwege de lanlike koroanamaatregels is it museum noch ticht. Sagau’t bekend is wannear’t it museum wer iepen mei, folget mear ynformaasje oer de start fan de kaartferkeap. Dat sil ûnder oare fia de webside, sosjalemediakanalen en de nijsbrief fan it Grinzer Museum bekend makke wurde.

In kaart foar de online útstalling kostet € 9,50 en is te bestellen fia groningermuseum.nl.

De online útstalling is ûntwikkele yn gearwurking mei Carola de Poel fan Panorama Fotografie en Slash2 Internet Masterminds. De demofideo oer de online útstalling is hjir te sjen.

 

maart 7, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer maart 12, 14:02

    Dizze útstalling, dy’t troch de hiele wrâld giet wie in soart wurk. Ek foar it museum yn Grins wie it in soart wurk om dat yn te rjochtsjen. It is, of better sein soe in hele ear west hawwe foar Grins, Grinslân en foar Noard-Nederlân om dy útstalling te krijen. No is dy útstalling hast foar hûndert persint yn ‘e koroana fallen. It soe gaadlik wêze om ho’t dan ek dizze útstalling as dy wêr iepen mei, noch foar in sa grut mooglike tiid te ferlingen. It opromjen is ek in soart wurk, en einlik hat dan folle wurk foar niks west. Dizze simmer giet de útstalling nei Marseille, mar om’t wy oant no ta hast niks derfan sjen koene, soe it gaadlik wêze as sy dêr ek wat wachtsje moatte en minder tiid hawwe om him te sjen. As it in bytsje kin gean ik noch nei Grins ta, mar dit allinne as de maatskippy in bytsje iepene is. Oan tichte hoareka yn Grins haw ik ek niks. Koart sein: myn geduld mei de koroana is op. Mar as útstallers yn musea ek wat geduld hawwe mei opromjen en musea wêr’t útstallingen letter komme der ek geduld mei hawwe. Dan haw ik ek wêr mear geduld. Mei de earste weach binne hast alle útstellingen gaadlik ferlinge.
    Der binne mear útstallingen wêr’t ik as it kin nei de tichtplicht nei ta wol.
    It makket it wol in bytsje goed dat sy dat mei dy 360 graden dogge.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.