WHO-ûndersyk yn Wuhan kriget ferfolch

maart 31, 2021 08:50

De ûndersikers fan de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) fertelden tiisdei op in parsekonferinsje dat harren ûndersyk yn Wuhan foaral nije fragen oproppen hat dy’t om ferfolchûndersyk freegje. Hja diene yn Sina ûndersyk nei it ûntstean fan it koroanafirus. Under oaren de Nederlânske firologe Marion Koopmans makke diel út fan it tiim dat bestie út santjin wittenskippers.

Foto: GGD

Yn de twadde faze fan it ûndersyk moatte de ierste koroanagefallen sintraal stean. De bloedmeunsters fan de earste covid-19-gefallen moatte opnij besjoen wurde. Der is ek ûndersyk nedich by bedriuwen dêr’t wylde bisten foar konsumpsje fokt wurde en dy’t op de merk yn Huanan ferkocht wurde. Guon fan dy pleatsen lizze yn regio’s dêr’t de flearmûzen libje dy’t as de boarne fan it firus sjoen wurde.

De WHO-ûndersikers geane derfan út dat it firus fan in flearmûs op in oar bist oersprongen is. Oare opsjes binne lykwols ek mooglik, lykas it oerspringen fan it firus fan in flearmûs op in minske en it fersprieden fan it firus fia beferzen iten út in oar lân, dat op de merk yn Huanan ferkocht is. Koopmans wiisde op in ûndersyk dêr’t út bliken dwaan soe dat it firus al yn in betiid stadium yn Europa oanwêzich wie, mar dêr is noch mear ûndersyk foar nedich. De mooglikheid dat it firus yn in laboratoarium yn Wuhan makke is en fan dêrút ferspraat, achtsje de ûndersikers net grut, mar dat wurdt ek fierder ûndersocht.

maart 31, 2021 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.