Wenten Fryslân boeke grutte enerzjylabelferbettering

maart 8, 2021 08:49 Fernijd

By 48,5 persint fan de wenten yn Fryslân is it definitive enerzjylabel geunstiger as it yn 2015 fêststelde foarriedige enerzjylabel. By goed ien op de fjouwer wenten is sels op syn minst twa labelnivo’s foarútgong boekt. Yn trochsneed ferbettere it Fryske enerzjylabel fan D nei C. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Vattenfall, op basis fan data fan RVO en EP-online.

Foto: Vattenfall

Measte wenten ferbetteren fan label C nei B
Vattenfall makke foar goed 158.000 Fryske wenten in ferliking fan it foarriedige en letter definitive enerzjylabel. De measte Fryske wenten giene fan label C nei B (10.869 kear), mar ek in opheging fan B nei A (8.871 kear) en fan C nei A (7.302 kear) waard faak registrearre. Yn trochsneed waard it enerzjylabel yn Fryslân fan D nei C ferbettere.

Harns enerzjysunichst
Yn de gemeente Harns binne op it stuit de enerzjysunichste wenten fan Fryslân te finen. Op Flylân binne huzen ek relatyf duorsum. Yn beide gemeenten hawwe wenten yn trochsneed enerzjylabel B. Op provinsjaal nivo blike huzen op Skylge just it minst enerzjysunich, folge troch de gemeenten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Mear ynformaasje oer enerzjylabels yn de ferskate gemeenten is hjir te lêzen.

Ferbettering enerzjylabel needsaaklik
Om de doelen fan it Klimaatakkoart fan 2019 te heljen, moatte yn 2030 oardel miljoen wenten ferduorsume wêze. Dêrby heart dan ek in ferbettering fan it enerzjylabel.

maart 8, 2021 08:49 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.