Wedstriid foar bistefotografen

maart 4, 2021 08:48

Doch mei oan de fotowedstriid oer bisten!

Op bledside 45 yn it temanûmer Winter fan DE NIJE wurdt uteinset mei in nije fotowedstriid.

Dy giet oer bisten: it ûnderwerp fan it folgjende nûmer. Hokker bisten fotografearre wurde, dat docht der net ta.

De sjuery sjocht net allinne nei de technyske aspekten, mar likegoed nei orzjinele ynfalshoeken.

 

No’t de maitiid kommendeweis is, binne der grif prachtige plaatsjes te meitsjen! 

© DE NIJE

It is de bedoeling om priiswinnende en oare foto’s yn it maaienûmer fan DE NIJE op te nimmen.

(Wa’t meidocht, fynt it goed dat de foto’s nei de slutingsdatum earder of letter yn DE NIJE

en/of op It Nijs.frl publisearre wurde.)

 

Dat, meitsje in moaie foto of brûk ien dy’t al earder makke is en doch mei.

Foto’s kinne oant 1 april 2021 stjoerd wurde nei DE NIJE: denije@itnijs.nl

maart 4, 2021 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.