Wat Wales al foar syn taal docht en wat Bretagne no ek wol

maart 31, 2021 12:15
Diwan
It Bretonsk is in Keltyske taal, nau besibbe oan it Welsk, Iersk en Skotsk Gaelic.

Yn Bretagne sjogge se wat oergeunstich nei Wales. Dy regio tsjinnet yn Europa al tsientallen jierren as in foarbyld as it oankomt op belied foar de eigen taal en kultuer. Benammen it offisjele doel fan it Welske taalbelied: it tal sprekkers yn 2050 útwreide te hawwen nei in heal miljoen, is oars as yn in protte oare regio’s, dy’t benammen besykje om derfoar te soargjen dat de eigen taal minder hurd efterútbuorket.

Wales docht ek folle mear foar de taal as oare regio’s. Sa jout Wales hast tsien kear safolle jild foar it stypjen fan de eigen taal út as Bretagne. De regio hat ek folle mear politike macht opeaske.

In Bretonske aksjegroep organisearret in petysje om de regionale oerheid fan Bretagne derta op te roppen it jild oars te ferdielen. Neffens NHU Bretagne hawwe de Bretonnen rjocht op inselde bedrach as de minsken yn Wales.

De petysje is op it stuit troch 2.296 minsken ûnderskreaun. Hy is hjir te finen.

maart 31, 2021 12:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.