Waarpraatsje: Tige mylde tiisdei

maart 29, 2021 19:27

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is dan lang om let maitiid, mar it kealle yn Fryslân hjoed noch wol swier. Der stie in stûfe wyn en it hold mei in graad of 12 wol op, wylst it yn it easten en suden fan Nederlân om de 20 graden hinne wie. It waar foar tiisdei sjocht der ek yn Fryslân goed út.

Yn de nacht fan moandei op tiisdei is it helder. De wyn giet nei it suden oant súdwesten en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. Mei in graad as 3 is it in frisse nacht.

Tiisdei skynt de sinne hast de hiele dei, mar der is ek kâns op (wat) hege bewolking. By in swakke oant matige sudewyn leit de temperatuur tusken de 15 graden op de Waadeilânen en tsjin de 20 op it fêstelân fan Fryslân.

Woansdei wurdt ek noch in hiel kreaze maitiidsdei.

Jan Brinksma

maart 29, 2021 19:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.