Waarpraatsje: Stadichoan kâlder

maart 2, 2021 19:18

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie yn it grutste part fan Fryslân tiisdei in strieljende dei, mar op de Waadeilânen wie de loft it grutste part fan ’e dei berûn. It waar foar woansdei is ek ûnwis.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder, mar der kin op in soad plakken wol damp ûntstean. By in swakke sude- oant súdeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Woansdei kin it earst noch skier en dampich wêze, mar letter soe de sinne ek te sjen wêze moatte. Hoe let en wêr oft de sinne krekt skine sil en hoefolle, is tige ûnwis. Yn it Waadgebiet en by de kust fan de Waadsee lâns is de kâns op bewolking grutter as yn it oare part fan Fryslân. De wyn is swak en giet nei it súdwesten, mar letter op ’e dei nei it noardwesten. Dan rekket de loft ek op mear plakken berûn. De temperatuer leit op ’e Waadeilânen om de 5 graden hinne en op it fêstelân fan Fryslân tusken de 5 en 13 graden.

Fan tongersdei ôf wurdt it kâlder.

Warskôging:
Tiisdeitejûn, yn ’e nacht nei woansdei ta en woansdeitemoarn kin it sicht troch damp min wêze.

Jan Brinksma

maart 2, 2021 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.