Waarpraatsje: Rêstige tiisdei

maart 1, 2021 18:05

Starum. Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei earst skier, mar letter kaam de sinne der op de measte plakken hiel goed by. Tiisdei wurdt ek wer in rêstige dei.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei rekket de loft stadichoan wer berûn en der kin ek damp ûntstean. De wyn komt út it easten en is swak oant matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tiisdei kin it earst noch skier en dampich wêze, mar geandewei lit de sinne him ek wer sjen. Hoe let oft dat wêze sil en hoefolle oft de sinne skine sil, is noch net wis. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak oant matich. De temperatuer leit tusken de 8 en 12 graden, mar as it skier en dampich bliuwt, dan wurdt it net folle waarmer as 6 graden.

Woansdei is it ek myld, mar wy sille de sinne dan net in soad sjen.

Jan Brinksma

maart 1, 2021 18:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.