Waarpraatsje: Rêstich wykein

maart 5, 2021 17:34

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kreaze freed krije wy in rêstich wykein mei kâns op wat froast yn ‘e nacht.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is der kâns op bewolking en letter yn ‘e nacht soe it by de kust lâns wat reine kinne. De swakke wyn komt út it westen oant noardwesten en de temperatuer leit om it friespunt hinne.

Sneon is de loft berûn en it kin sa út en troch wat (sto)reine. It is tige ûnwis oft wy de sinne noch te sjen krije. De wyn komt út it noardwesten en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt 6 graden.

Snein feroaret der net folle oan it waar. By in swakke noardweste- oant noardewyn is de kâns op sinne wat grutter as sneon. It bliuwt, sa goed as, drûch en it sil net folle waarmer wurde as 5 graden.

Takomme wike moandei en tiisdei is it ek noch rêstich waar, fan tongersdei ôf wurdt it in pear dagen ritich en wiet mei in soad wyn.

Jan Brinksma

maart 5, 2021 17:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.